Ga naar inhoud
MAP
fy

It rike libben fan Henk Bosma yn it doarp dat út de puollen riist

DE TYNJE – Foar in soad Friezen is 2018 al begûn. Hja wurkje mei oan de eveneminten en projekten dy’t yn oanrin nei it jier fan Kulturele Haadstêd yn ‘e stegers steane. Wa binne dizze minsken? Wat driuwt harren en wêrom dogge se eins mei? Dizze kear: Henk Bosma. De 69-jierrige ynwenner fan De Tynje wurke mei oan it toanielstik Troch de Buorren. De foarstelling wie in pilot fan it projekt Under de Toer.

Foar elkenien dy’t it gefoel fan âlder wurde net begrypt, skreaun de Amerikaanske Robert Orden it neikommende: ‘Besjoch it ris fan de sinnige kant: hoe âld je ek binne, je binne jonger as je ea wêze sille’. Sa is it, fynt Henk Bosma. De leafhawwer fan toanielspyljen giet lange monologen tsjintwurdich út ‘e wei. De út ‘e holle te learen lapen tekst beklibje net mear sa maklik, murk de pensionearre skoalmaster. Dat is in tsjinfaller, mar heard no ienkear by it ferâlderingsproses. Want foar Bosma is it glês heal fol. Der is noch sa’n soad te dwaan.

De no 69-jierrige Bosma wie yn in earder stadium belutsen by Under de Toer. Dit projekt – ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân 2018 – fiert muzyk, teater en benammen ferhalen op yn it dekôr fan 31 Fryske tsjerken. Hy die yn 2014 mei oan de jubileumfoarstelling fan de Tynster toanielferiening Rjucht en Sljucht. Yn Troch de Buorren, sa’t it stik hjit, is de djip woartele ferpyldering oanlieding foar in klassyk ferhaal. In sjonger út it reade part fan it doarp oerwint syn tradisjonele wjersin om mei te sjongen yn in tsjerke: dy stiet, tinkend oan it sosjalistyske karakter fan de man, ommers foar alles dat er sa ferspuid. Bosma: “De spanning yn it stik wurdt moai opboud. Want wat docht de man op it momint fan de wierheid?” Hoe’t de reade sjonger ek syn bêst docht himsels te oerwinnen, de klanken bliuwe hingjen yn syn kiel.

It stik waard trije kear yn in útferkochte PKN-tsjerke spile. Skriuwer Bouke Oldenhof, dy’t mei teatermakker en regisseur Jos Thie de grûnlizzer is fan Under de Toer, hie in súksesnûmer ôflevere. In iepen doekje foar regisseur Jan Smit.

In aktive rol op it poadium hie Bosma twa jier lyn net, tefolle tekst om op te slaan. Dat woe net mear. It stie syn dielname oan it stik yn ’t alderminst net yn it paad; as tarieding op Troch de Buorren brocht er mei Bouke Oldenhof en kameraman Hans van der Linden in besyk oan wintersportplak Tignes. Yn namme fierhinne gelyk oan, mar yn in protte just it tsjinstelde fan it Fryske De Tynje. It âlde doarpke Tignes ferdwûn troch de oanlis fan in keardaam ûnder de wetterspegel. De Tynje stiet dêrtsjinoer bekend as ‘it doarp dat út de puollen riist’. Op it wetter boud dus. Tignes waard op heger lein lân opnij boud en ûntwikkele him ta in populêre fakânsjebestimming. De tsjinstelling tusken de beide doarpen waard brûkt yn it stik fan Oldenhof. Mei Henk Bosma yn de rol fan sjoernalist dy’t ‘live’ op it skerm yn de PKN-tsjerke syn reportaazje die.

It oantinken oan it trijelûk fan 2014 is farsk. Se binne opslein op syn hurde skiif en oars sjocht er bylden werom op it baarnde dvd-ke. Bosma, dy’t lyk as syn frou Fetsje les joech op iepenbiere basiskoalle De Pols yn De Tynje, is ferknotte oan it toanielspyljen. “,,Ik hâld der fan om gear te wurkjen. Om mei oaren ta te wurkjen nei in mienskiplik doel. Ja, do meist stelle dat it doarpslibben, it ferieningslibben benammen, my ynspirearret.” Bosma, seizoenskaarthâlder by SC Hearrenfean, is de fêste grinsrjochter by it fuotbalteam fan De Tynje en wurke okkerdeis mei in soad wille oan it iepenloftspul Spetters.

Foar Bosma is 2018 al lang begûn. Oer syn takomstige rol kin er noch net folle sizze. As er earne foar frege wurdt, seit Henk Bosma nei alle gedachten wol ja. ,,It makket my dan net út oft ik kaartsjes knippe moat of kofje jou. It is moai om mei elkoar wat te dwaan. Dêr giet it om.’’

Oer Under de Toer

Tsjerken binne plakken fol mei skitterjende ferhalen, dy’t derop wachtsje om opnij ferteld te wurden. Yn 2018 komme 31 fan dy ferhalen ta libben yn Under de Toer. Njonken in unike teatrale rûnlieding troch de Grutte of Jakobinertsjerke yn Ljouwert giet it om tritich manifestaasjes yn de provinsje, organisearre troch tsjerkebestjoeren yn gearwurking mei profesjonele keunstners en lokale ferienings.

Yn oktober 2016 binne útnoegings de doar útgien nei 750 tsjerken, 600 ferienings en 500 keunstners yn Fryslân. Oant 15 jannewaris 2017 kinne hja harren plannen yntsjinje op underdetoer.nl. Yn april 2017 wurde de definitive projekten bekend makke. De yntsjinners kinne fierdersoan rekkenje op (artistike) begelieding troch Jos Thie (regisseur) en Tamara Schoppert (aktrise/regisseur) en op finansjele stipe troch it Prins Bernhard Kultuerfûns.

www.underdetoer.nl

(Dit artikel stie earder yn de Fryske wykblêden fan NDC mediagroep)

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens