Ga naar inhoud
MAP
fy

“It Verona fan Weststellingwerf oertreft himsels trijedûbeld”

LJOUWERT – Mei hast allinnich mar posityf stimde resinsjes is Opera Spanga opnij sterk út de startblokken sketten. It operaselskip ûnder lieding fan Corina van Eijk spilet sûnt 17 augustus Verdi’s opera MacBeth, nei in tonielstik fan William Shakespeare. Opera Spanga is yn 2018 yn it programma fan Kulturele Haadstêd fan Europa opnommen. Dan is Aïda, ek fan Verdi, yn it Weststellingwerfske doarp Spangea te sjen. MacBeth wurdt kommende woansdei, tongersdei, freed en sneon opfierd. Der binne noch kaarten foar it iepenloftspektakel: www.operaspanga.nl.

Hjirûnder wat parten út inkelde kranteresinsjes:

Theaterkrant (*****, fiif stjerren): “Corina van Eijk, regisseur te Spangea, dat him tsjintwurdich terjochte ‘it Verona fan Weststellingwerf’ neamt, hat harsels wer ris trijedûbeld oertroffen. Se leveret mei net folle middels en minsken in folmakke útfiering fan Verdi’s opera MacBeth, út 1948, nei in tonielstik fan Shakespeare. Har foarstelling is orizjineel, geastich en oangripend fan de earste oant de lêste noat. Har fiergeande ynterpretaasje is ek bysûnder logysk. Eins is it ûnbegryplik dat in oar it net earder sa betocht hat.”

NRC (***): “Nettsjinsteande de beheinde middels wit Van Eijk der in koherint gehiel fan te meitsjen; se bringt MacBeth werom ta in ferhaal oer macht. Ek wurde de dragende rollen poerbêste ynfolle. Bariton Marcel van Dieren operearret as sjonger meastentiids yn ‘e lijte, mar bloeit op as MacBeth. Francis van Broekhuizen liket eins te freonlik om bang fan te wurden, mar fokaal wit se te boeien mei in foar har dwaan licht gelûd.”

“Mar ‘gewoan’ is de simmeropera yn it súdeasten fan Fryslân alderminst.” “De foarstelling fynt plak yn in tinte wêrfan’t de efterkant iepen is. Je kinne in kilometer fier sjen; je sjogge skiep en as it treft (dat die it woansdeitejûn) in prachtich rôze loft mei sa no en dan in foarbyfleanende earrebarre.”

Ljouwerter Krante (****): “Verdi fûn dat syn nei de troan longerjende Lady gjin prachtich moaie stim hoecht te hawwen. Mar wol in ekspressive, fol effekt. En dêr beskikt Francis van Broekhuizen rom oer. Yn har opkomstaria toant dizze by Opera Spanga gauris ynsette sopraan metien de wiere aard fan de Lady. Mei har bysûndere lûd sketst se yn grutte linen har neat en nimmen sparjende personaazje. Verdi soe grutsk west ha.”

“Ek de haadrol troch Marcel van Dieren liicht der net om. By Van Eijk is MacBeth net in wifelder, mar in krêftige, op macht oriïntearre man, amperoan in hier better as syn frou. Dat is ûnder mear werom te finen yn syn desibellen en efterbakse spytgnyskes. En yn in duet wêryn’t er him, tsjin in eftergrûn fan rikjende autowrakken, lykweardich toant oan de Lady.”

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens