Ga naar inhoud
MAP
fy

Japansk topporslein yn de etalaazje fan Kulturele Haadstêd

LJOUWERT – Japansk porslein yn de tentoanstelling Migrating Ceramics, in grutte Princessehof-tentoanstelling yn Arita en in útwikseling fan Japanske en Nederlânske ûntwerpers yn oanrin nei en yn it jier fan Kulturele Haadstêd fan Europa.

Shinya Sakai en Takeshi Murayama praten mei ûnder oaren Kris Callens (direkteur fan Keramykmuseum Princessehof en Fries Museum) en Jelle Burggraaff dy’t de ynternasjonale betrekkingen út namme fan Ljouwert-Fryslân 2018 koördinearret. It twatal sjocht koart werom.

“It is wichtich om sokke kontakten waarm te hâlden”, seit Burggraaff. “Dit jier sil de earste grutte, ynternasjonale porsleinkonferinsje plakfine yn Arita. Under it wurkbesyk hawwe wy praat oer it plan om de twadde konferinsje yn 2018 yn Ljouwert te hâlden.”

Arita wurdt noch altyd sjoen as it plak wêr’t de widze fan it Japanske porslein stie. Callens: “Keramykmuseum Princessehof siket de gearwurking mei ynternasjonale museums en kunsthallen. It besyk út Japan wie foar ús in prachtige mooglikheid om de ûnderlinge relaasje fierder út te djipjen. En dat is wat my oanbelanget goed slagge.”

Yn oanwêzigens fan Job Meihuizen, gastkurator foar Migrating Ceramics, praten Callens en syn gasten wiidweidich oer de mooglike gearwurking. It liedend ûnderwerp fan it petear wie Migrating Ceramics, in tentoanstelling dy’t benammen giet oer de ferbining tusken east en west. Oer hoe’t keramyk út Sina, Korea en Japan fia Nederlân de rest fan Europa berikte.

Callens: “De eksposysje giet djipper yn op dit, foaral histoaryske, part fan de skiednis. De moderne kant fertelt fan de porsleinindustry dy’t noch altyd fol libben is. Dit ferhaal beljochtet it bysûndere wurk fan de ûntwerpers en lit it keramyk sjen dat al iuwenlang troch de ferskate produksjesintrums makke wurdt.”

Yn novimber sil Kris Callens nei Arita en bringt er in besyk oan de ynternasjonale konferinsje. Dit jier stiet de Japanske stêd yn it teken fan Arita400 en wurdt der rûchwei 400 jier oan keramykskiednis fierd. Jelle Burggraaff ûntfong syn gasten yn De Blokhúspoarte. “Hja wienen entûsjast. Sawol oer de gearwurking mei ús museums as de dielname oan it programma fan Kulturele Haadstêd fan Europa 2018.”

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens