Ga naar inhoud
MAP
fy

Jongleurs en akrobaten yn it publyk fan De Centrale

LJOUWERT – Yn ‘e maitiid fan 2018 wurdt it Adje Festival by Winkelpark De Centrale hâlden. Alle bern en oare belangstellenden kinne dêr folop genietsje fan kultuer. En wichtich: se kinne sels meidwaan.

“It Adje Festival is sympatyk en spruts ús fuortendaliks oan. Fanút de gedachte ‘Sjoch ris wat ik kin’ kinne we de bern op De Centrale in platfoarm biede om dat sjen te litten”, sa seit Natalia van Galen út namme fan de ûndernimmers fan De Centrale.

“In soad Friezen komme tegearre mei harren bern nei De Centrale om hjir boadskippen te dwaan. De ûndernimmers fan De Centrale drage dêrom ek it Adje Festival sa’n waarm hert ta. Mei ús eigen marketingynspannings, mediakanalen en de gearwurking mei de projektlieders fan Adje kinne we in grutte groep minksen berikke. Sa wolle we Adje wiidweidich ûnder de oandacht bringe. Mei úteinlik it doel om in geweldich festival op ús winkelplein del te setten.”

Ek yn de moannen foarôfgeand oan it Adje Festival sille de ûndernimmers fan De Centrale ynspylje op Ljouwert-Fryslân 2018 (LF2018). “It is hiel goed mooglik dat je yn ien fan ús winkels in jongleur tsjinkomme, of dat der oare sirkuseftige acts opfierd wurde tusken it winkeljend publyk. Sa wolle we Fryslân alfêst wat opwaarmje foar LF2018. Wy as ûndernimmers sjogge yn elts gefal al hiel bot nei 2018 út!”

“Elts bern hat rjocht op kultuer”

Projektlieders Jildou Tjoelker, Onno Spreij en Sabine de Jong fan Circus Adje wolle bern harren talinten sjen litte en ûntdekke litte. “Doch ek mei oan ús Adje Challenge. Klim op de skouders fan dyn freonen en filmje hoe’t jim meielkoar in piramide bouwe.” Ast mear witte wolst oer de Adje Challenge moatst efkes op de Facebookside sjen. Klik dan hjir.

Jildou Tjoelker, Onno Spreij en Sabine de Jong fan Circus Adje. (Foto Wietze Landman)

De winkeleigners fan De Centrale binne yn 2018 gasthear fan it Adje Lambertsz Festival. (Eigen foto)

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens