Ga naar inhoud
MAP
fy

Kaartferkeap Opera Spanga en MacBeth úteinset

SPANGEA - De kaartferkeap foar MacBeth fan Opera Spanga is begûn. De premjêre fynt plak op 17 augustus en is te sjen fanút in healiepen tinte oan de Spangahoekwei 47 yn Spangea. Dêrnei wurdt MacBeth noch op 19, 20, 21, 23, 25, 26 en 27 augustus opfierd.

De opera fan komponist Guiseppe Verdi, nei in ferhaal fan William Shakespeare, is de earste fan in trijelûk foarstellings dat yn 2018 har slotsêne hat. Dan wurdt tegearre mei musisy út Valletta – ek Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018 – de opera Aïda opfierd. Opera Spanga makket diel út fan it programma fan Ljouwert-Fryslân 2018. Dat jier is de opera dêrom ek op Malta te bewûnderjen.

Opera Spanga makket al mear as in fearnsiuw (sûnt 1989) orizjinele foarstellings. Oprjochte troch artistyk lieder en regisseur Corina van Eijk wurdt der yn en fanút Weststellingwerf alle jierren in produksje betocht en útfierd. Ferline jier wie The Electric Flute de iepening fan it Oranjewoud Festival. Yn it each fallende produksjes fan Opera Spanga binne fierder Rigoletto (1990), Falstaff (1997) en When Samson Met Delilah, de foarstelling dy’t yn 2003 sels op Broadway stie.

Yn 2003 werhelle Spanga de opera Rigoletto troch tegearre mei Omrop Fryslân in film te meitsjen. De opera Carmen, yn 2010, waard mei it Frysk Jeugd Harmonie Orkest yn Delfsyl spile. Dy gearwukring bliek suksesfol want it orkest makke fan dat stuit ôf gauris diel út fan it Spanga-ensemble.

Oer Corina van Eijk, dy’t yn har profesjonele libben trije operafilms regisearre en produsearre, skreaun de Ljouwerter Krante ferline jier: “Corina van Eijk is net allinne in namme, it is tagelyk in merk. Hja en har team steane garant foar opera’s ferpakt yn ûnferwachtse eigensinnigens.” In wiidweidich CV fan Van Eijk (Toneelacademie Maastricht) is hjir te lêzen.

Wolst mear witte oer Opera Spanga? Klik dan hjir.

Ynformaasje oer de kaartferkeap stiet hjir.

Oer MacBeth:

MacBeth is dé opera oer macht. De wurking hjirfan wurdt yn dizze opera yn al har dwylsin toand: de ûntwoarteling fan in machtich persoan, dy’t yn syn isolemint allinne noch mar it selskip hat fan syn eigen wanen. Macht begjint net as in abstraksje mar hat in yndividueel útgongspunt. It wurdt út in idee wei berne – as in mearkoppich meunster. It oerwoekeret it yndividu en begjint in folslein eigen en ûnminsklik abstrakt libben te lieden. Macht mijt neat, ek gjin bloed en as dat ienkear floeid, is de stream net mear te hâlden...

By de foto: Byld út Aïda, yn 2018 ûnderdiel fan it programma fan Kulturele Haadstêd fan Europa yn Fryslân èn Valletta.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens