Ga naar inhoud
MAP
fy

Kening fan ‘e Greide wint Anita Andriesen priis

Boargerinisjatyf ‘Kening van ‘e Greide’ hat tiisdeitejûn 18 july de Anita Andriesen priis yn ûntfangst naam fan deputearre Klaas Kielstra.

Harren ynspanning is fan grutte betsjutting foar de romtlike kwaliteit yn Fryslân. Tanksij Kening fan ‘e Greide fynt der in iepen diskusje plak oer de takomst fan it Fryske plattelân: it Fryske lânskip, de boeren, de natuer en it bioferskaat.

De sjuery is bysûnder ûnder de yndruk fan de beweging dy’t it boargerinisjatyf Kening fan ‘e Greide yn gong setten hat. De kening hat troch ûnophâldlike ynspanningen en in positive hâlding in soad minsken út ferskate dissiplines oan him witte te binen. It is knap dat se de diskusje oer de takomst fan ús plattelân op in iepen en konstruktive wize witte te fieren.

De sjuery bestie út:

  • Marco Goldenbeld, byldzjen keunstner en dosint
  • Loes Oudenaarde, stedsboumaster Amersfoort en arsjitekt
  • Martin Cnossen, direkteur Merk Fryslân
  • Niek Verdonk, stedsboumaster Ljouwert
  • Annelies van der Goot, haadredakteur tydskrift Noorderbreedte.

De Anita Andriesen priis is bedoeld om in ympuls te jaan oan de ûntwikkeling fan romtlike kwaliteit yn Fryslân. De priis is bestimd foar in persoan of organisaasje (of gearwurkingsferbân) dy’t in driuwende krêft is efter it behâld of de fersterking fan romtlike kwaliteit binnen de provinsjegrinzen. Oare nominearren wienen: Park Vijversburg yn Tytsjerk, Voedselbossen troch Anastasia Limareva, Sense of Place en Peter de Ruyter. De útrikking fûn plak yn it provinsjehûs yn Ljouwert.

Oeuvrepriis

De Anita Andriesen priis foar romtlike kwaliteit is een oeuvrepriis dy’t yn 2010 foar it earst útrikt waard. Anita Andriesen wie deputearre fan de provinsje Fryslân fan 2002 oant har ferstjerren yn 2008. Hja sette har benammen yn foar it behâld fan de kwaliteit fan de romte fan it Fryske lânskip. Fryslân waard yn 2010 útroppen ta de lânskiplik moaiste provinsje fan Nederlân. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens