Ga naar inhoud
MAP
fy

Keunst op dyn dak

Takom jier ken Ljouwert gjin saaie gevels en dakken mear. Wa’t yn it Kulturele Haadstêdjier troch de stêd rint, sil ferrast wurde troch allegear fersierde pannen. Studinten en dosinten fan de Kunstacademie Friesland meitsje nammentlik in keunstrûte mei wurken fan wylgetien. Dizze rûte rint fan de Potmarge oant yn it sintrum.

De griene konneksje, sa’t it inisjatyf hyt, is in projekt fan treddejiers studinten fan de akademy. ,,Under lieding fan Karin van der Molen meitsje de studinten spesjaal foar Kulturele Haadstêd keunstwurken fan wylgetûken”, leit Doet Boersma fan Kunstacademie Friesland út. ,,Dy keunstwurken wurde op dakken en oan muorren fan gebouwen tusken de Potmarge en it sintrum fan Ljouwert pleatst. Sa meitsje we in ferbining tusken ien fan de moaiste natuergebieten yn de stêd en it winkelhert.”

Gearwurking
Mei alle skilderijen oan de muorre is it wol dúdlik: Doet is sels mear skilder as byldhouwer. ,,Fandêr dat Karin van der Molen de lieding op har nimt. Sy is in byldzjend keunstner mei ûnderfining.” Doet wiist in tal foarbyldfoto’s yn de projektfolder oan. ,,Dit binne eardere keunstwurken dy’t se makke hat mei wylgetûken.”

It inisjatyf is al ta yn de puntsjes útwurke. Sa is der in folder mei sketsen, in lânkaart en foto’s fan soartgelikense keunstwurken. ,,Sa’n tritich studinten ha by gebouwen del west en ha ûndernimmers frege om mei te wurkjen. Ynteressearre ûndernimmers kinne kieze út ferskillende sponsorpakketten: fan in rûnlieding troch studinten lâns de keunstwurken ta in bedriuwspresintaasje yn de katalogus of meardere keunstwurken op it eigen pân.” Elk pân is unyk, sa ek elk keunstwurk. De learlingen ha tekeningen en foto’s fan de gebouwen makke, sadat se it perfekte keunstwurk foar elk gebou ûntwerpe kinne. ,,‘Site specific art’ hyt dat”, leit Doet út. Op dit stuit rint de rûte fan de Potmarge oant Hoeksterend.

Undernimmers, meld dy!
De keunstner wit al aardich wat bekende ûndernimmingen op te neamen, dy’t takom jier fersierd wêze sille. ,,Sa ha we yn it Potmargegebiet ûnder oare Wetsus, Zienn, Parkhove en it NDC-gebou. Wêr’t de Potmarge ophâldt, fersiere we de pannen fan Epema, Terwisscha en Anker en Anker. Yn it sintrum wurde ûnder oare parkeargaraazje Hoeksterend en it Oranjehotel opkreaze. De bedoeling is dat de keunstwurken op syn lêst 1 maaie de dakken en muorren siere. ,,De studinten soargje yn 2018 foar it ûnderhâld.”

,,Der komt trouwens in grien, libben keunstwurk yn de Oranjewyk. Dat is hiel bysûnder want dat groeit troch. Dat keunstwurk bliuwt dan ek nei 2018 stean. De bedoeling fan de griene konneksje is dat besikers fan de stêd takom jier de trein útstappe en tinke: wat ís dat?” Doet jout sels it antwurd: ,,Dán binne se yn de Kulturele Haadstêd fan Europa”.

Der dogge no achttjin pannen mei, mar Doet siket noch mear ûndernimmers yn it sintrum dy’t meidwaan wolle. Ynfo op: info@kafrl.nl.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens