Ga naar inhoud
MAP
fy

Klantkontakt wint fan online by Spellekijn

Spellekijn yn de Peperstrjitte is foar in soad minsken in begryp yn de wrâld fan (boerd)spultsjes en boartersguod. In winkel wêr’t it hast altyd drok is, want dizze wrâld is tiidleas.

De namme fan de ûndernimmer, Annetol Griskov, ferried Russyske woartels. “Sels bin ik op Swarte Hoanne berne, ik bin dus sa Frysk as it mar kin. Foar it spannende ferhaal moatst by myn heit wêze,” laket er. Annetol hat lykwols wis al in goed ferhaal, mei de oarsprong yn Ljouwert. Hy hat nammentlik in unike winkel yn ‘e stêd: Spellekijn. 

“Hiel lang lyn studearre ik Retailmanagement en haw ik foar myn ôfstudearûndersyk sjoen oft ik myn eigen ûnderimming starte koe,” begjint Annetol. “It foel my op dat der doedestiids noch gjin spultsjeswinkel yn Ljouwert siet. Ik haw doe ûndersyk dien om te sjen oft dêr wol fraach nei wie. Wilens besteane we sa’n tweintich jier, dat kinst wol stelle dat it in goed ûndersyk west is.”

De krêft fan lústerjen

Wa’t de winkel ynrint, krijt fuortendalik in oerdied oan spullen te sjen. Beide wanden binne fold mei doazen mei ôfbyldingen yn de felste kleuren. “Dat dogge we mei opsetsin. In spesjaalsaak moat wat ekstra’s biede. Wy biede in grutte kar-út. As minsken lêst fan karstress krije dan binne wy der altyd om se te helpen. Wy steane foar ús advys.”

De krêft fan Spellekijn en har meiwurkers sit yn it lústerjen nei de klant en trochfreegje. “Somtiden komme der minsken binne mei de fraach oft wy ek Monopoly hawwe. Ik kin se dan oanwize hokker soarten wy allegear hawwe. Lykwols, as je dan trochfreegje komme je der faak efter dat se in spultsje wolle dat net te lang duorret, wêr’t net te folle gelok by komt te sjen en dat it elke kear oars is. As je dan oanjouwe dat Monopoly dat eins allegear wól is, komme we der meielkoar efter dat se nei wat hiel oars op syk binne. Dat persoanlike kontakt is sa wichtich. Dat kinst allinne mar yn in fysike winkel hawwe.”

“Ik leauw dan ek net sa yn de online ferkeap. Wy hawwe wol in webside, mar it kostet ferskriklik folle tiid om dy by te hâlden. We hawwe hjir 15.000 artikelen. De tiid dy’t ik dan oan de webside besteegje moatte soe, besteegje ik leaver oan klantkontakt. Wy hawwe dan ek net sa folle lêst fan in ferskowing nei de online wrâld, om’t ús advys faak sa wichtich is. Ik haw it leafst dat hjir by wize fan sprekken in mantsje fan tachtich op in boartersguodmotor sitten giet mei in harnas oan en dat syn pakesizzers in foto meitsje foar op de sosjale media.”

“Ien fan ús pylders is dan ek: alles giet de doaze út. Oars moatte de minsken allinne oan de hân fan in plaatsje beslúte oft se in spultsje leuk fine. Faak binne klanten fernuvere, mar lit se it mar fêsthâlde. Je moatte de funfactor kreëarje en dy sit yn ‘e doaze, net derop. Minsken doare in spul faak ek net werom te bringen om’t se it net leuk fine, mar doch dat asjeblieft. Ik haw leaver in tefreden klant as in ekstra spul ferkocht. Tefreden klanten komme werom.”

De ferbiningswegen tusken de Nijstêd en de Foarstreek

“In grut part fan ús klanten bestiet út fêste klanten en toeristen. Toeristen rinne ús winkel eins altyd wol yn wannear’t se lâns rinne, hielendal at se bern hawwe. Dat is krekt wêr’t wy fanút it LOF ús bêst foar dogge. De Peperstrjitte en it Nau binne de ferbiningswegen tusken de Nijstêd en de Kelders, mei dêrnei de Foarstreek. Wy wurkje dus in protte gear mei de oare LOF-partijen om minsken fan de Nijstêd ôf nei de Foarstreek te krijen fia ús strjitten. We sjogge bygelyks oft we ynspylje kinne op de Mata Hari- en Escher-eksposysjes yn it Fries Museum, om dy minsken nei de berteplakken fan dizze ikoanen te krijen, want dan moatte se lâns ús winkels.”

“We ferwachtsje takom jier wis mear drokte fanwegen al it toerisme dat nei de stêd komt. Ien fan ús fêste klanten is in Portugees dy’t út Guimarães komt, de kulturele haadstêd fan 2012. Hy fertelde dat it altyd in rêstich stedsje wie, oant 2012, doe waard de stêd yniens it hiele jier oerspield mei minsken. It soe geweldich wêze at dat hjir ek bart.”

Neilittenskip fan 2018

“We binne net sa dwaande mei spesjale produkten foar 2018. We sjogge leaver nei permaninte ferbettering. De legacy fan 2018 is foar ús dan ek folle wichtiger. Sa tinke we bygelyks oan de beweiwizering nei it berteplak fan Mata Hari.”

“Dat we gjin tydlike dingen opsetten hawwe komt ek om’t it hiel djoer is om spultsjes te ûntwikkeljen en meitsjen. It soe dan ek net út kinne om foar 2018 folsleine spullen te ûntwikkeljen. Wol merke we dat guon produsinten dwaande binne mei bygelyks puzels. Dêrneist leit ús krêft ek net yn it organisearjen fan dingen. Ik bin net sa’n regeler. Ik haw al in hekel oan myn administraasje. Lit my mar yn de winkel stean en minsken helpe.”

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens