Ga naar inhoud
MAP
fy

Kolleezje fan boargemaster en wethâlders leveret DNA yn

It keunstprojekt DNALWD2018 sammelet it DNA fan alle Ljouwerters en is it community art-projekt dat al tûzenen Ljouwerters útnûge hat syn of har ferhaal yn in eigen DNA-buiske te dwaan en dit te registrearjen op in persoanlike digitale pagina fia www.dnalwd2018.nl. De samling is no ek oanfolle mei it ‘DNA’ fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Ljouwert. Sy leveren harren DNA-buiske yn by keunstner Hein de Graaf.

De DNA-buiskes fan boargemaster Ferd Crone en wethâlder fan kultuer Sjoerd Feitsma binne noch net hielendal fold. Foar beiden is it in 'work in progress'. It DNA-buiske fan wethâlder Feitsma sit al hast fol mei in bûnte samling. “In stik fan in faantsje yn de kleuren blau en giel as symboal foar de stêd, mar ek in stikje filt. Dêrneist kerreltsjes sân fan it strân fan Flylân. Ik moat noch nei Skylge foar in pear kerrels sân. Oan beide eilannen haw ik goeie jeugdoantinkens”, sa seit de wethâlder. Wat Sjoerd Feitsma fierder noch yn syn buiske dwaan wol hat te krijen mei Ingelân wêr’t er wenne hat.

Yn it DNA-buiske fan boargemaster Ferd Crone sit yn elts gefal in stikje filt, fan it omslach fan it bidbook foar LF2018. “It filt fan it omslach, makke troch keunstneres Claudy Jongstra, stiet symboal foar kulturele haadstêd en de sirkulêre ekonomy.” Fierder wol de boargemaster der yn elts gefal noch wat ynstopje dat symboal stiet foar de gearwurking mei oare gemeenten. “LF2018 soarget derfoar dat de ferskillende Fryske gemeenten mear mei elkoar yn ferbining steane en mear gearwurkje.”

It ferhaal fan Ljouwert wurdt ferteld troch al dy minsken dy’t harren spoaren yn de stêd en de doarpen efterlitten hawwe. DNALWD2018 wol dizze ferhalen sammelje. Elkenien dy’t wat mei Ljouwert hat, kin hjirfoar wat fan syn DNA jaan. Gjin echt DNA fansels. Mar eat wat te krijen hat mei ús stêd, dyn doarp of mei dysels. In persoanlik ferhaal, foarwerp, foto of miny-keunstwerk. Alles kin, salang’t it mar yn ien buiske past. Al dit kreative DNA foarmet úteinlik in keunstwurk dat yn 2018 yn it stedskantoar te sjen wêze sil. Wolsto dyn DNA-buiske tafoegje oan it keunstwurk? Helje dan gau dyn buiske op yn de stedshal of by it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Sjoch foar mear ynformaasje op dnalwd2018.nl

DNALWD2018 is in inisjatyf fan Stichting Zeezicht, ûnderdiel fan Lân van Taal en in koproduksje mei it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL).

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens