Ga naar inhoud
MAP
fy

Koning van het Grasland en Birds & Brass

Koning van het Grasland, it nije stik fan Tjeerd Bischoff, giet oer de komplisearre ferhâlding tusken minsk en natuer. It stik is yn maaie yn premjêre gien en is oant healweis septimber te sjen. Tongersdei, freed en sneon wurdt it stik – as ûnderdiel fan Celebrating Diversity – spile tidens Simmerdeis Drachten.

We sjogge de striid fan de boer dy’t him as in iensume ûndernimmer steande besiket te hâlden op de wrâldmerk, en dy fan de skries dy’t him fergees besiket oan te passen oan in fluch feroarjende biotoop. It stik wurdt spile yn in mobyl teater yn it iepen fjild, mei útsicht op it lânskip. Yn Fryslân is de foarstelling twatalich (Frysk en Nederlânsk), yn Drinte en Grinslân is de foarstelling folslein Nederlânsktalich.

Mear ynformaasje oer tiden en kaartferkeap is hjir te finen.

Koning van het Grasland is in idee fan David Lelieveld (Pier21) en wurdt makke troch it artistike team fan de foarstelling Mansholt. De produksje kaam ta stân yn nauwe gearwurking mei it boargerinisjatyf Kening fan ‘e Greide.

It is 2001, it jier dat MKZ opnij de kop opstekt yn Europa. Hessel en Anke Kroes, twa ‘plankgasboeren’, besykje harren libben wer op ‘e rit te krijen nei in needlottich trekkerûngemak, wêrby’t harren soantsje om it libben kaam. Wannear’t in skries har nêst boud op it plak fan it ûngemak, en der tagelyk in striid losbarst tusken natuerbeskermers en boeren oer it ferheegjen fan it grûnwetterpeil, komme Anke en Hessel lyk foarinoar oer te stean. Undertusken komt de MKZ gefaarlik tichtby.

De produksje Koning van het Grasland is ûnderdiel fan Celebrating Diversity, www.celebratingdiversity.eu.

Birds & Brass tidens City Proms

It projekt Birds & Brass is in idee fan komponist en fûgeler Sytze Pruiksma. Sneon spylje op in poadium op it Wilhelminaplein yn Ljouwert 188 muzikanten fan 15 Ljouwerter muzykferieningen meiinoar. Se hawwe harren ferienige ûnder de neamer Samenwerkende Muziekverenigingen Leeuwarden (SML). Mei elkoar litte se harren muzikale krêft sjen. It gehiel stiet ûnder lieding fan Broken Brass.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens