Ga naar inhoud
MAP
fy

Kopy fan de hemel

Boarnsterhim, Lemsterlân, Snits: allegear gemeenten dy’t troch fúzjes net mear bestean. Yn 2018 fynt der wer in weryndieling plak wêrtroch It Bilt, Frjenstjeradiel, Menameradiel en in stikje Littenseradiel gearfoege wurde ta it nije Waadhoeke. Wat docht dit mei de ynwenners fan It Bilt? Sjoernaliste Gitte Brugman en fotograaf Baukje Venema lizze it as ûnderdiel fan Lân fan Taal fêst yn in searje portretten en ferhalen fan – no noch – It Bilt. 

“Ik bin op It Bilt berne en haw der oant myn alfde wenne”, begjint Baukje. “Ik woe altyd al werom om der wat te dwaan. It ferdwinen fan de gemeente makket dit urgint. Ik bin bang dat mei it ferdwinen fan de gemeente in stikje kultuergoed kwytrekket. Ik bin benijd oft oaren dat ek sa erfare.” Gitte follet har oan: “It Bilt is in unike regio mei syn eigen taal, minsken en mentaliteit. De wichtige diken op It Bilt binne oanlein troch Hollanders. Harren taal fermingde him mei it Frysk en it Stedsfrysk fan de bewenners. Bilkerts binne op dy eigen taal en harren frijheid steld. De hjoeddeiske befolking is in miks fan oarspronklike Bilkerts, boeren en keunstners dy’t harren oanlutsen fiele ta it lânskip en de frijheid.”

Beheinde oplaach
De ferhalen fan dizze bewenners wurde fêstlein yn in boek mei in beheinde oplaach: 513 om krekt te wêzen. “It Bilt is yn 1505 ûntstien en ferdwynt yn 2018. It hat dus presys 513 jier bestien”, leit Baukje út. “We sille alle boeken nûmerje. Dat makket se unyk.”

Yn it boek komme sa’n fyftjin portretten fan Bilkerts en fyftjin lânskippen dyt’t de gemeente yllustrearje. Bysûnder is dat Baukje de foto’s mei in njoggentjinde-iuwske analoge kamera makket. “Ik bin krekt foar it digitale tiidrek oplaat ta fotograaf, dêrtroch leit de analoge fotografy tichter by my. Ik seach âlde foto’s fan Bilkerts yn in boekje oer Broedertrouw. Dit wie in Biltske feriening foar lânarbeiders, oprjochte yn 1889. Ik waard rekke troch de portretten fan de striidbere Bilkerts fan dy tiid. Troch te fotografearjen mei deselde technyk as doe wol ik in link lizze tusken de ynwenners fan eartiids en no.”

Mobile studio
“Yn maaie 2018 binne we in ûnderdiel fan de doarpsreüny yn Aldebiltsyl (Ouwe Syl) en yn septimber fan feestlikheden yn Westhoeke Bútendyks. Dêr meitsje we portretten mei in mobile studio mei doka. Dan moatte minsken it boek keapje kinne”, fertelt Gitte. 

It boek bestiet út fjouwer katernen wêrfan’t der tsjin dy tiid trije klear binne: de persoanlike syktocht fan Baukje, portrettem fan minsken en fan lânskippen. It fjirde katern mei portretten fan reünisten en ynwenners mei koarte sitaten sil tidens de presintaasje foarm krije. “Dat katern sille we sa’t it no liket neistjoere nei de boekebesitters en krijt mooglik in gruttere oplaach foar de losse ferkeap.” 

Foarpriuwke
Op de webside fan Mooie Plaatsys kinne we al wat foarbylden lêze en sjen fan de ferhalen dy’t we yn it boek ferwachtsje kinne. Lykas dat fan Jan Faber: ,,’t Bildt. Wij hewwe ommers alles. Wij hewwe frisse lucht, wij hewwe rúmte, gyn aardbevings, gyn overstromings. At d’r ’n hemel is, dan is ’t Bildt ’n soort kopy fan de hemel, nou.’’

Keunstneres Brenda van der Zee hat har hiele libben mar in healjier nét op It Bilt wenne. Har bern binne oan de Ouwe Dyk hikke en tein. Se fertelt yn it ynterview dat de bern harren realisearje dat harren bern nea wiere Bilkerts wêze sille. In oar oerweget noch foar 1 jannewaris te trouwen, sadat syn trouboekje Biltsk is. “Want minsken fine it skande, dat dat ferdwynt.”

Tekst: Mark Grupstra / foto's: Wietze Landman & Baukje Venema

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens