Ga naar inhoud
MAP
fy

Kultuerhistoaryske diamant

It âldste monumint fan Ljouwert stiet yn Huzum Doarp. De Doarpstsjerke docht sûnt fjouwer jier tsjinst as kultureel sintrum. Under lieding fan Peter de Haan, Ljouwerter yn ieren en sinen, is der alle wiken wat te dwaan. Takom jier is de tsjerke ûnderdiel fan Under de Toer, fan it haadprogramma fan Ljouwert-Fryslân. 

It grint knarst ûnder syn skuon wannear’t Peter oer de paden om de tsjerke hinne nei it baarhúske rint. “Doarpstsjerke Huzum is fjouwerhûndert jier âlder as De Aldehou (12e iuw). Hjir stiet in protte út de Gouden Iuw, wêrûnder de âldste preekstoel fan Fryslân, dêrom is it fan belang dat de tsjerke bestean bliuwt. It is in kultuerhistoaryske diamant.” Op dit stuit steane de wytplastere muorren yn de stegers. “Oer in pear wike glinsteret de tsjerke wer like wyt as de Taj Mahal.”

Nettsjinsteande dat Peter mei pensioen is, set er him aktyf yn foar de Fryske kultuer. Net alhiel frjemd, mei’t er oan de widze fan Ljouwert-Fryslân 2018 stien hat. “Ik wurke yn 2006 by de provinsje. Dêr organisearre ik in debat oer Fryske Fiersichten: plannen foar de provinsje oant 2030. Ik oppere om Ljouwert nominearje te litten foar Kulturele Haadstêd fan 2018. As dat net bart wie, hienen wy hjir noait sitten.” 

Ynternasjonale ikoanen
Foar de eveneminten yn de tsjerke wit Peter altyd in aktuele oanlieding te finen. Op 15 oktober is it hûndert jier lyn dat Mata Hari eksekutearre waard. “Dan hawwe wy hjir yn hiel bysûndere betinking.” Underwilens stiet Peter foar de iepen doarren fan it baarhúske, dat no tsjinst docht as minymuseum. Hy wiist nei binnen, nei in grêfstien wêr’t wat ûndúdlik ‘Zelle’ op te lêzen is. “De betinking fynt yn ús tsjerke plak mei om’t Catharina Maria Zelle hjir begroeven leit. Neiste famylje fan Mata Hari. We ferwachtsje ynternasjonale parse by de betinking.” 

It ikoan dat Mata Hari is, set de toan foar wat it publyk yn 2018 ferwachtsje kin. “Gewoanwei organisearje we al in soad, lykas konserten en lêzingen mei ferneamde Nederlanners as Pieter van Vollenhoven en Jan Terlouw. Takom jier geane we noch in stapke fierder, mei ynternasjonale gasten as Jan Pronk, Bleri Lleshi en Guy Verhofstadt. “Guy treedt oars op yn bygelyks de Grinzer Martinitsjerke, mei in publyk fan 1200 man. Hjir kinne we mar twahûndert minsken kwyt, mar tanksij Ljouwert-Fryslân 2018 komt er dochs. Yn juny komt hjir sels in keunstner út Tasmanië (Australië) eksposearjen.” 

Pronkstik yn 2018 is ‘Slauerhoff Back in Town’. Hjiryn is it gedicht In Memoriam Patris de paadwizer foar ferskate teaterfoarstellingen en in keunsteksposysje. “Der komme acht muzykteaterfoarstellingen, wêrfan twa spesjaal foar de jeugd. It is wichtich dat we dy der ek by belûke.”

Erfskip
Slauerhoff waard ynternasjonaal ferneamd doe’t er begjin 20e iuw alle seeën oerfearn. Hy skreaun gedichten fan syn reizen, dy’t oerset waarden yn mar leafst 26 talen. It iennige gedocht dat nea oerset is, is In Memoriam Patris: in oade oan syn ferstoarne heit. It gedicht is mei 34 strofen syn langste ea. “Dat is no krekt wêrom’t it noait oerset is. Wy geane dat lykwols wól dwaan: nei it Frysk, Frânsk, Dútsk, Ingelsk, Sineesk, Russysk, Spaansk en Portugeesk. Tidens in presintaasje helje we ambassadeurs fan dy talen nei ús tsjerke”, fertelt de foarsitter grutsk. 

Peter reizget sels ek de hiele wrâld oer en komt krekt werom út Sri Lanka, wêr’t er mei grutskens oer Ljouwert-Fryslân 2018 sprutsen hat. Wêr’t er oare jier nei ta sil? “Dan komt de wrâld nei Fryslân, dat dan bliuw ik lekker yn eigen provinsje. As ik nei it programma sjoch dan krij ik no al keuzestress. Der bart safolle moais takom jier, sels wannear’t it haadprogramma der net wêze soe, soe it al in spektakel wurde sa’t we dat noch nei meimakke hawwe.”

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens