Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 lansearret programma

LJOUWERT – Under grutte publike belangstelling is fannejûn it programma fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 presintearre. Op it Gouverneursplein yn Ljouwert waarden taskôgers en media wiidweidich ynformearre oer de hûnderten programma-ûnderdielen dy’t de aginda fan Nederlâns tredde Kulturele Haadstêd fan Europa bepale.

De waarsomstannichheden wienen poerbêst, de sfear op it grôtfolle plein wie sa mooglik noch better. It folpakte Gouverneursplein seach stikmannige útskroeven snippers út it programma. Der wienen optredens fan ûnder mear slachwurkgroep Syncoop (Talant), Circus Saranti, Elske DeWall, it Pasveerkorps, Eric Vloeimans, Nynke Laverman en Opera Spanga. De presintaasje wie yn hannen fan Sipke Jan Bousema en Tamara Schoppert. Omrop Fryslân telefyzje die twa oeren lang live ferslach. 

Ynformaasje en kaartferkeap
De lansearring fan it programma gie tiisdei om 18.00 oere lyk op mei de presintaasje fan in programmakrante en -magazine en in nije foarmjouwing. De krante wurdt yn in oplaach fan 1.100.000 eksemplaren ferspraat yn Fryslân, Drinte, Grinslân en de Noardeastpolder. Op it plein waard it magazine, ûnder it genot fan in waarme kop snert, alfêst útdield. 

It programma is ek op 2018.nl te finen. De iepen mienskipsinisjativen, almeast de plannen dy’t troch de Friezen sels betocht binne en útfierd wurde, krije de kommende moannen ek in plak op de webside. 

Ek gie tiisdeitejûn foar in oantal projekten de online kaartferkeap op 2018.nl fan start. It grutste part fan it programma is straks lykwols fergees te besykjen. 

De  Fryske provinsje makket him op foar in jier dat yn in haadprogramma (60 projekten) en in iepen mienskipsprogramma (hûnderten inisjativen) útien falt. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators