Ga naar inhoud
MAP
fy

Leare fan de bêste

Mark Beaumont fytste okkerdeis de wrâld rûn yn 79 dagen. In rekôr, en wat foar ien. Hy wie goed oardel kear sa fluch as syn foargonger dy’t der 123 dagen oer die. Dat slagget allinne mar as je topfit binne en de bêste fyts ûnder it sitflak hawwe. Dy fyts komt fan It Hearrenfean. Koga trainde de Britske Beaumont en boude de perfekte twatsjiller om dit rekôr delsette te kinnen. Wa kin ús better advys jaan foar dé perfekte fyts as Pieter-Jan Rijpstra, kommersjeel direkteur fan Koga?

“Fryslân is in fantastyske fytsprovinsje. Ik fyts gauris mei freonen yn it westen en dêr moat ik soargje dat ik foar 9 oere moarns op ‘e fyts sit, oars binne de fytspaden fol. Ofstannen binne hjir lyts, dêrtroch ferwachtsje we takom jier in protte fytstoeristen.”

Fjouwer tips foar de mountainbiker

  1. In soad minsken sitte te leech op ‘e fyts. De hakke fan dyn foet mei it pedaal reitsje wannear’st op it sadel sitst en dyn foet strekst.
  2. Tink goed om de hurdens fan de bannen. As it fochtich is, mei de bân bêst wat sêfter wêze. Dan hast mear grip. 
  3. Wen oan derailleurfersnellingen. By derailleur moatst nammentlik mei beide hannen skeakelje. In soad minsken binne dat net wend. 
  4. Ofhinklik fan it parkoers kinst mei in fearre foarke, fearre frame of in net-fearre foarke ride. Freegje dêrfoar advys by de lokale ferhierder of ferkeaper.

Trije tips foar de kilometerfretter

  1. Nim in lichte fyts. Elke kilo moatst meinimme. Nim dêrom in fyts mei derailleurfersnellingen yn plak fan naaffersnellingen. It rendemint fan derailleurfersnellingen is net allinne heger, it waacht ek minder. 
  2. Soargje ek hjir dat dyn sadel heech genôch stiet. De hakke fan dyn foet mei it pedaal reitsje wannear’st op it sadel sitst en dyn foet strekst.
  3. Ast noch noait op in racefyts riden hast moatst dysels tiid jaan om hjir oan te wennen. Sa sitte bygelyks dyn skuon mei in kliksysteem fêst oan de pedalen wat yn it begjin foar falpartijen soargje kin. 

In warskôge minsk telt foar twa.

Tekst: Mark Grupstra / foto's Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens