Ga naar inhoud
MAP
fy

Learlingen feroarsaakje kettingreaksje Loop der Dingen

SNAKKERBUORREN - Op tongersdei 14 july is der ‘Op ‘e tún’ yn Snakkerbuorren in kettingreaksje te sjen. Om 11.00 oere steane alle learlingen fan de Professor Wassenberghskoalle út Lekkum klear. Se litte sjen wat se betocht hawwe as antwurd op de fraach fan keunstner Marten Winters en syn projekt De Loop der Dingen foar Kulturele Haadstêd fan Europa 2018.

Marten Winters hat de bern yn gearwurking mei Kunstkade om help frege. Winters: “We wolle yn 2018 in hiele lange kettingreaksje opsette yn Ljouwert. Hoe dogge je dat? Wat wurket wol en wat net?” De skoalle woe dizze fraach graach ûndersykje en wurke de pilot foar dit projekt út.

Troch te brainstoarmjen, út te probearjen en by te stellen, sette de groep in eigen ynstallaasje yn elkoar. Dizze foarmje mei elkoar ien lange kettingreaksje. Yn de kettingreaksje binne ûnderdielen mei sang, dûns, selsmakke ynstruminten, dekoraasje en konstruksjes opnommen.

Belangstellenden binne tongersdei fan herte wolkom om de útfiering fan de kettingreaksje by te wenjen. De Loop der Dingen is in mienskips-keunst-wurk fan ferskate keunstdissiplines. It soarget derfoar dat minsken elkoar moetsje en gearwurkje.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens