Ga naar inhoud
MAP
fy

LF2018-bijeprojekt Silence of the Bees op De Kruidhof fan start gien

BÛTENPOST - It projekt Silence of the Bees is sneon feestlik fan start gien. Yn botanyske tún De Kruidhof joech ‘bijeprofessor’ Dave Goulson in lêzing, waard de earste fan fiif bijehotels iepene en gie it dielprojekt B-RAP fan start. Hjirmei is it bijeprojekt dat ûnder LF2018 falt no echt begûn. Silence of the Bees is ien fan de ûnderdielen út it programma fan Ljouwert-Fryslân Europeeske Kulturele Haadstêd 2018.

Lêzing Dave Goulson

De Britske auteur en heechlearaar Dave Goulson fertelde oer it libben en it belang fan de bij tidens in lêzing, mei oanslútend in kuier troch de tunen fan De Kruidhof lâns bijfreonlike planten. Under it middeispart joech hy yn Sondel in rinnende lêzing op in biologysk-dynamyske buorkerij mei it tema ‘bijen en lânbou’. Dave Goulson is in Britske heechlearaar yn de biology en is in respektearre bije-ekspert dy’t spesjalisearre is yn de hommel. Hy hat meardere boeken útbrocht en wûn de ôfrûne jierren trije ûnderskiedingen, wêrunder yn 2014 de British Ecological Society's Public Engagement Award.

Iepening bijehotel

Yn De Kruidhof wurde fiif libbensgrutte bijehotels ynrjochte. It binne plakken wêr’t solitêre bijen harren nêsten meitsje kinne. Romée van der Zee fan it Nederlands Centrum Bijenonderzoek hat in protte ûndersyk dien nei de bijestjerte en fertelde hjiroer. Se iepene ien fan de hotels symboalysk, wêrmei’t ek it projekt Silence of the Bees iepene waard.

B-Rhapsody

Yn de tún wie in demonstraasjemodel te sjen fan in hommelkast fan it projekt B-Rhapsody. Dit is in unyk ûndersyksprojekt foar en mei lytse bern en jongerein yn de Eems-Dollard Regio. De Kruidhof, Universiteit Oldenburg en Van Hall Ljouwert wurkje hjirby gear mei it Nederlands Centrum Bijenonderzoek, Ökowerk Emden en IMME Bourtanger Moor. Gegevens fan bijen, mar ek harren gelûden, wurde sammele. Yn gearwurking mei studinten fan de Akademy foar Popkultuur yn Ljouwert en het Institut für Musik yn Oldenburg wurdt op 21 juny 2018 mei dy gelûden in Bumblebee Rhapsody komponearre dy’t simultaan útfierd wurdt yn De Kruidhof, Oldenburg en Emden.

Silence of the Bees en Celebrating Diversity

It projekt Silence of the Bees is ûnderdiel fan Celebrating Diversity, ien fan de haad-programmaûnderdielen fan LF2018. Bijen ferdwine troch hiel Europa en yn it bysûnder yn Fryslân út tunen en fjilden. It projekt freget omtinken foar de bij en beweecht minsken om dizze ynsekten te sjen as in wichtige partner yn de mienskip. Silence of the Bees docht dit mei de help fan byld en taal, yn muzyk en keunst, yn kultuer en wittenskip. Mei bysûndere aktiviteiten wol Silence of the Bees besikers it belang fan bijen en bioferskaat sjen en ûnderfine litte. De Kruidhof is yn 2018 it sintrum fan dit bijeprogramma.

It projekt B-RAP wurdt yn it ramt fan it INTERREG V A-Programma Deutschland-Nederland meifinansierd troch it Europese Fonds voor Regionale Ontwikkeling (EFRO) en troch Niedersachsen en de provinsje Fryslân.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens