Ga naar inhoud
MAP
fy

LF2018-projekten Elfwegentocht en Spektakel Tsjûkemar slaan hannen ynien

Fan tongersdei 28 juny oant ‘e mei sneon 14 july 2018 organisearret Iepenloftspul Bantegea in grut teaterspektakel op eilân de Marchjepôle yn de Tsjûkemar. Yn de geast fan de Elfwegentocht, fossylfrij reizgje fan 1 oant ‘e mei 14 july 2018, wurde alle besikers fossylfrij nei it eilân brocht. Ek op de Marchjepôle sels sil in grut part fan de enerzjy fossylfrij opwekt wurde. 

Fanôf parkearplak De Lanen (by de A6) bringt in grutte, troch blauwe disel oandreaune boat de minsken fossylfrij nei de Marchjepôle. Ek wurde der elektryske sloepen ynset om besikers fanôf Eastersee nei de teaterlokaasje te bringen. Der lizze in protte plannen foar dy dagen om bysûndere eveneminten te organisearjen, wêrûnder in swimtocht nei it teaterstik.

Njoggen foarstellingen Iepenloftspul tidens Elfwegentocht
Fanwegen it Kulturele Haadstêdjier fynt dizze edysje fan it Iepenloftspul Bantegea foar it earst op de Marchjepôle plak. Mar leafst njoggen teaterfoarstellingen wurde opfierd tidens de fossylfrije Elfwegentocht. Troch de al besteande duorsume fisy binnen it Tsjûkemar-gebiet leit in gearwurking mei duorsume projekten foar de hân. 

Takomstfisy Tsjûkemar
Troch de krêft fan de Tsjûkemar te benutten wol de Club van Aanjagers Tsjûkemar har doel realisearje. De klub bestiet út ûndernimmers, Pleatslik Belang-ferieningen en ynwenners. Har doel is om de Tsjûkemar-regio noch oantrekliker te meitsjen foar ynwenners en besikers troch de mar fan in trochgongs-mar ta in bestimmings-mar te meitsjen. Mei stipe en ynstimming fan de gemeente De Fryske Marren en provinsje Fryslân is it Uitvoeringsplan Tsjûkemar fêststeld en no yn útfiering. Spektakel Tsjûkemar makket hjir ûnderdiel fan út. 

Elfwegentocht
Fan 1 oant ‘e mei 14 july 2018 reizget Fryslân sûnder in drip benzine of disel. Fanôf de provinsjegrinzen sille elektryske en griengasauto’s, dielauto’s, segways, lisfytsen, elektryske boaten, bussen en fytsen tegearre mei bysûndere ferfiermiddels it ferkearsbyld bepale. It wurde twa wiken feest sûnder in drip benzine of disel. En elke dei sil der in oare provinsje nei Fryslân komme om te sjen hoe’t de wrâld der yn 2030 al útsjen kin. De Elfwegentocht is ûnderdiel fan Fossylfrij Fryslân. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens