Ga naar inhoud
MAP
fy

Lit dy ferrasse op it Greidhoek' festival

Foar it sande jier op rige wurdt midden yn De Greidhoeke, op it prachtige swimbadterrein fan Wommels, in yntym en orizjineel festival hâlden; It Greidhoek’ Festival. Foar -en mei- de mienskip (Greidhoeke) wurdt alle jierren in ferrassend en eigensinnich programma delset mei muzyk, poëzij, dûns, byldzjende keunst en oarsoartige ekspresje.

De artysten krije folsleine artistike frijheid en wurde stimulearre om dy frijheid te benutten. It belangrykste doel fan de organisaasje: “De kessens opskodzje”. Oan de iene kant meitsje folwoeksenen en bern alle jierren kennis mei artysten, optredens, projekten en keunstuteringen dy’tst net folle tsjinkomst op it Fryske plattelân. En oan de oare kant lit it festival sjen dat ek op it plattelân in enoarm artistyk potinsjeel en publyk is. 

Elke edysje wurdt (oan de hân fan festivalsymboal en cultheld Bob Ross) in nijsgjirrich tema sintraal steld, dêr’t alle projekten, kommunikaasje en optredens oan ophongen wurde. Ferline jier gie it oer flechtlingen en ‘de happy family’, yn 2017 is it tema ‘make love not wâl’. Mei humor, mar ek dryst en non-moralistysk wurde de tema’s út ferskate ynfalshoeken wei beljochte.

Foar wa’t sjen wol: it festival is sneon 9 septimber fan 17.00 oant 01.30.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens