Ljouwert-Fryslân 2018 galmet wrâldwiid troch de eter

Faak ferstoppe op souder, mar ek yn kompakte radiostudio’s sykje hûnderten Fryske radiostjoeramateurs gauris kontakt mei ûnbekenden yn de eter. “CQ, CQ. This is Pappa India 4 Echo Charlie Charlie”, ropt Roel Pot om. LF2018-projekt HAMECC2018 soarget derfoar dat radiostjoeramateurs wrâldwiid kontakt sykje mei ECC: European Capital of Culture 2018.

“CQ, CQ. Dat betsjut: I seek you”, leit foarsitter Fokko Piekema fan HAMECC2018 laitsjend út as er myn freegjende blik sjocht. In protte koades en ôfkoartingen fleane troch de waarme souderstudio fan de Friese Radio Amateur Groep op bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert. Beneden oan de muorre hingje tsientallen QSL-kaarten mei koades. “Dat binne kaartsjes dy’t radiostjoeramateurs elkoar stjoere om harren radiokonneksje te befêstigjen. Dy koade is harren ropnamme yn de eter.”

“Hello Pappa India 4 Echo Charlie Charlie. This is Lima Alfa 2 Uniform Juliett Alfa,” beantwurdet ien de oprop. Hy is goed te hearren. Entûsjast pakt Pot syn mikrofoan. “Hello Lima Alfa 2 Uniform Juliett Alfa, I’m Roel, from the north of The Netherlands and we organise a special event, because we’re European Capital of Culture in 2018.”

Faak duorje de konversaasjes net folle langer, mar de Noarske radiostjoeramateur Ketil hat wol sin oan in praatsje. “That’s nice to hear, Roel. And I’ve seen that the weather is very nice at the moment in Holland. Here is a lot of wind.” Dizze gesprekjes fynt Pot, dy’t al goed tritich jier radiostjoeramateur is, it leukst. “Dizze simmer sil ik mei de kamper nei Noarwegen. Ik sjoch altyd om my hinne oft ik ek grutte antennes fine kin. Ketil syn gegevens skriuw ik op. Miskien gean ik wol by him del.”

Spesjaal foar LF2018 hawwe de Fryske radioferienings it evenemint HAMECC2018 yn it libben roppen: in 11-stêdemaraton yn de eter. “Elke moanne stiet ien fan de Fryske stêden, mei eigen ropnammekoade, sintraal. Wrâldwiid kinne radiostjoeramateurs kontakt mei ús lizze en sa alve QSL-sertifikaten sammelje”, fertelt Piekema. “QSL-kaarten fan bysûndere eveneminten binne grage waar.” Yn De Blokhúspoarte yn Ljouwert wurdt de haadstudio ynrjochte. “Elke sertifisearre radiostjoeramateur kin ús dêr óf thús helpe mei it lizzen fan radioferbiningen. Fansels is elkenien ek wolkom yn de studio om mear oer ús passy te witten te kommen.”

Sertfisearre radiostjoeramateurs socht

Doe’t bekend waard dat Ljouwert yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa wurde soe, wie Martin Bak resolút. Hy fûn it in geweldich goede gelegenheid om de Fryske radiostjoeramateurs op te trommeljen om meiinoar in grutte aktiviteit te organisearjen. “We kinne yn 2018 wol wat help brûke”, seit de inisjatyfnimmer fan HAMECC2018. “Sertifisearre radiostjoeramateurs dy’t it leuk fine om spesjaal foar dit LF2018-projekt radiokonneksjes te meitsjen, kinne har oanmelde, mar fansels sette wy ek oare entûsjastelingen graach yn.”

Bak wurke jierrenlang op see en sa rekke er ynteressearre yn Morse. Yn ien fan de lytse studio’s fan de Friese Radio Amateur Groep lit er sjen hoe’t it wurket. Koarte en lange piipkes folgje elkoar fluch op. De lingte fan de piip stiet foar in letter fan it alfabet. “Troch de jierren hinne learst de piipkes hieltyd better te ûnderskieden en witst op in gegeven momint ek hokker kombinaasjes fan piipkes logysk binne.”

Ek al is it yn dizze tiid fan digitale kommunikaasjesystemen net mear needsaaklik om mei elkoar te kommunisearjen fia Morsetaal of radiokanalen, dochs behâld it ek anno 2017 syn sjarme fynt Bak. Hy is spesjalist yn Morse, mar hat ek wol ûnderfining as radiostjoeramateur. “Foar ien dy’t dêr ûntfanklik foar is, is der altyd wat te belibjen yn de eter. Sa hearde ik jierren lyn ien út Brazilië roppen spesjaal nei Nederlân. Ik socht doe kontakt mei him. It bliek in Nederlânske biskop te wêzen, dy’t al hiel wat jierren yn de binnenlannen fan Brazilië wurke. In missysuster út Nederlân soe de oare deis nei him ôfreizgje, mar hy moast op it lêste momint in wiziging yn it reisskema trochjaan.” Bak praat oer syn passy mei bliereagen. “Oft ik sa freonlik wêze woe om it reisburo fan de missy te beljen en it boadskip troch te jaan. Dat slagge en ik koe him dat in skofke letter melde. Dat bin dochs aardige anekdoates om te fertellen?”

Mear ynformaasje is te lêzen op www.hamecc2018.eu

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners
Initiators