Ga naar inhoud
MAP
fy

Ljouwert yn in keunstwurk

In foto fan syn dochter, in plôkje hier fan ien fan syn katten, in stikje glês út Venetië en in kraaltsje fan syn ketting. It sit allegear yn it dna-buiske fan Hein de Graaf. Dit karakterisearret dizze Ljouwert keunstner. Dit is syn dna. Uteinlik sille tûzen fan dit soarte buiskes it DNA fan Ljouwert foarmje yn in keunstwurk dat fan desimber 2017 ôf yn it Stedshûs te bewûnderjen is. DNALWD2018, sa’t it projekt hjit, is ûnderdiel fan Lân fan Taal. 

It ûntwerp is klear. Mannen van Staal is begûn mei de bou fan it keunstwurk dat in kubus fan mar leafst 5 by 5 by 5 meter wurdt. Mei de fjouwer siden nei de wynstreken rjochte. “We wurkje allinne mei Fryske bedriuwen gear om dit keunstwurk te meitsjen”, seit Hein. “Sa makket Pyrasied keunststoffen fjouwerkanten wêryn’t de dna-buiskes komme en wurdt it digitale part fan it keunstwurk nei 2018 ûnderbrocht by it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL). Yn elk fjouwerkant fan 1 by 1 meter passe 300 buiskes.” Op it stuit stiet de teller op sa’n 10.000 buiskes. Yn desimber 2017 wurdt it keunstwurk opboud en fan de iepening fan LF2018 ôf oant it ein fan 2018 ferwachtet Hein noch tûzenen buiskes te fersammeljen. 

Wolkom yn Ljouwert
“Elkenien dy’t yn Ljouwert komt te wenjen, krijt yn it Stedskantoar in wolkomstpakketsje mei in buiske”, leit David Oost, stazjêr kommunikaasje by DNALWD2018, út. “Ek geane we lâns skoallen, bedriuwen en ynstellingen om ferhalen op te heljen. Sa binne we okkerdeis by de âldste frou fan Ljouwert west. Dy wie sa grutsk op har foto mei de boargemaster dy’t op har nachtkastje stiet, dat se in kopy dêrfan yn har buiske stoppe hat. Sels hat David in plôkje hier fan syn soantsje en in hierelastykje fan syn freondin yn syn buiske. “It buiske leit al moannen thús. It is noch net fol. Ik tink dat der foar it ûntbleatsjen noch wol wat dingen bykomme.”

Elkenien dy’t ek mar eat mei de stêd hat, kin in buiske folje mei syn of har oantinkens oan de stêd of eat wat him of har karakterisearret. “Watst yn it buiske dochst is definityf. Dizze kinst altyd weromfine fia in app dêr’t wy oan wurkje. Op dyn buiske stiet in koade dy’tst fan desimber ôf yn de DNALWD2018-app ynfiere kinst. Dêrnei jout de app oan yn hokker rút en op hokker rige dyn buiske sit”,  leit Hein út. Ek kinst yn de app dyn ferhaal of dat fan oaren weromlêze.” Der kinne sels fideo’s of audioboadskippen oan tafoege wurde. 

Nei 2018
Yn it keunstwurk passe 30.000 buiskes. “As it der mear wurde, meitsje we him gewoan heger”,  seit Hein. “It Stedskantoar is goed fyftjin meter heech, dus dat kin maklik.” It Stedshûs is in prachtige lokaasje foar dit keunstwurk. “Derboppe is in grutte ljochtstrjitte. Dêrtroch krijst in enoarme skaadtekening, in soarte projeksje fan de buiskes op de grûn.”

It keunstwurk bliuwt nei 2018 net stean, it wurdt yn parten ferdield. “Guon partijen hawwe in heale kante meter foar harsels, sa leveret it MCL in hiele protte buiskes yn en binne der ek basisskoallen dy’t graach har rút hawwe wolle”, fertelt Hein. “It wurdt dus nei 2018 in soarte fan keunstrûte troch hiel Ljouwert. Sa soe it samar kinne dat myn buiske op in basisskoalle bedarret.”

Ljouwert-Fryslân noch mar it begjin
“Sûnder Ljouwert-Fryslân 2018 wie ik hjir net oan begûn”, jout de keunstner ta. “Yntusken wurkje we der mei miskien wol fjirtich man oan. Dêrfan is in grut part frijwilliger dy’t him mei hert en siel ynset. Moai oan dit konsept is dat it oeral tapasber is. Elk plak oer de hiele wrâld hat syn eigen dna. We binne begûn as mienskipsinisjatyf en binne dêrnei omearme troch de gemeente Ljouwert. Underwilens binne we ûnderdiel fan Lân fan Taal.” David leit út: “It is in tige taalgefoelich keunstwurk. We krije net allinne buiskes yn ferskate talen lykas Nederlânsk, Frysk of Ingelsk, mar it giet ek om in universele taal: dna sprekt.”

Neilittenskip
Wylst it keunstwurk sels nei 2018 ferspraat wurdt oer de gemeente, bliuwt de digitale database goed bewarre yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert. “It wurdt eins pas echt nijsgjirrich nei hûndert, miskien wol twahûndert jier”,  seit David. Dan kinne minsken weromsjen hoe’t it hjir yn 2018 wie. Dan hawwe se safolle data.”

“Stiekem hoopje ik dat we nei 2018 noch buiskes foljen bliuwe kinne”, seit Hein. “Miskien jou ik it stokje wol fierder oan ien dy’t jonger is, lykas David, en freegje him om it út te rôljen yn in oare Kulturele Haadstêd.” 

Tekst: Mark Grupstra / foto's: Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens