Ga naar inhoud
MAP
fy

Ljouwerter learlingen op it wite doek mei Look@Me

LJOUWERT – Krêftige ferhalen oer de bysûndere libbens fan bern yn Ljouwert. Se wurde ferteld yn fjouwer films en in dokumintêre op it Noardlik Film Festival. It projekt hjit fan Look@Me, is betocht troch Kunstkade en is ûnderdiel fan it programma fan Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Look@Me is freed te sjen yn De Harmonie, fan 12.15 oere ôf. Mear dêroer is hjir te lêzen.

It projekt bestiet út in lesprogramma op de skoallen wêryn’t bern leare hoe’t se harren eigen ferhaal fertelle kinne yn de foarm fan in dokumintêre. It projekt wurdt ek útfierd yn Kuturele Haadstêden Aarhus2017 en Valletta2018. Look@Me wurket gear mei de EO/IKONdocs foar de dokumintêresearje Mensjesrechten.

Der binne mar leafst fiif premjêres te sjen fan fiif bysûndere bern. Fjouwer koarte films fan bern fan iepenbiere basisskoalle De Eestroom en iepenbiere basisskoalle Oud Oost, dy’t in dokumintêre makken oer harren eigen libben, tegearre mei in profesjonele filmmakker en mei help fan studinten fan D’Drive Friesland College (film & media).

Mensjesrechten makke spesjaal foar it Noardlik Film festival en Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 in dokumintêre oer in Ljouwerter bern.

Look@Me wurdt stipe troch Kulturele Haadstêd 2018 en Het Nieuwe Stads Weeshuis.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens