Ga naar inhoud
MAP
fy

Malta en Fryslân tanksij D'Drive noch hechter

LJOUWERT – Mei in besyk fan D’Drive oan Malta binne de bannen fan it Friesland College mei MCAST, kollega-skoalle foar beropsûnderwiis, nauwer oanhelle. Valletta is yn 2018 de susterstêd fan Ljouwert as kulturele haadstêd fan Europa. Der leit no in stevich pakket oan ôfspraken oer gearwurking.

“Myn hoop is dat we siedsjes plante hawwe om in dream te ferwêzentlikjen.” Jason Micallef, haad fan de organisaasje Valletta 2018, wie optein oer it besyk út Fryslân. Yn it ôfrûne jier hat de gearwurking tusken it Friesland College en MCAST him stevich ûntwikkele.

Ynvestearring
Tidens in byienkomst op Malta neamde Micallef dizze joint venture in ynvestearring yn ynnovaasje, groei en heechweardige banen. “Dit is in befêstiging fan de needsaak om te bouwen oan in neilittenskip dat trochgiet nei 2018.” De ôfspraken binne dan ek rjochte op in termyn dy’t fierder rint nei dat jier.

Op de parsekonferinsje op Malta hat D’Drive beneamd dat yn dizze gearwurkingsprojekten de gearwurking mei oerheid, ûnderwiis en bedriuwen sintraal stiet – mei studinten dy’t de lieding hawwe.

Projekten
Op in spesjale webside kinne studinten, dosinten en oare meiwurkers fan it Friesland College en MCAST sjen litte mei wa’t se gearwurke hawwe en wat se dien hawwe. Opset is yn elts gefal it tawurkjen nei ‘2 x 1009 = 2018’ fan dizze dokumintearre kontakten, ynklusyf in trochkykje nei ynset en opbringst.

Ek krije trije skriuwers fan Malta en út Nederlân de opdracht om trije koarte ferhalen te skriuwen foar bern, yn it Malteesk en it Nederlânsk. Studinten yllustrearje dizze ferhalen, dy’t dan ek yn boekfoarm útjoen wurde. Hjirby ûntwikkelje studinten ek in adventure game mei it boadskip fan Malta en Ljouwert.

Sûvenir
Studinten út beide lannen krije dêrneist de opdracht om in sûvenir te meitsjen fan ôffalmateriaal lykas plestik, papier en boumateriaal. Oan beide kanten meitsje studinten ynformaasjebuorden dy’t foarljochting jouwe oer de susterstêd.

It projekt om mei-inoar in opera op te fieren mei Spanga (D’Drive) is al konkreet en yn opbou, de projekten foar ûndernimmersskip (Skoalle foar Kommersje & Tsjinstferliening), in solarboat-race (Skoalle foar Technyk & Technology) en it produsearjen fan in eigen bier mei de lokale brouwerijen (mbo Life Sciences) op Malta en yn Fryslân wurde no opset.

Utwikselje
De skoallen sille geregeldwei studinten en dosinten útwikselje om de projekten te realisearjen, wêrby’t it Friesland College studinten fan Malta hjir ûnderfining op dwaan lit yn sektoaren lykas wetter, fieding, miljeu en laboratoaria. Op Malta giet it allyksa om wetter, laboratoaria en ek om sûnens en lânbo. Hjir spilet de oplieding Life Sciences in wichtige rol by.

Dosinten krije romte om projekten op te setten wêryn’t se gearwurkje mei kollega’s yn it bûtenlân. Dit sil yn elts gefal barre by mbo Life Sciences, dat hjieroer al ôfspraken hat mei MCAST. Fol ambysje sil elkenien fierder oan ‘e slach.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens