Meast spile opera ea yn healiepen tinte fan Spanga

SPANGEA - Opera Spanga bringt fan 22 july oant ‘e mei 5 augustus 2017 Guiseppe Verdi’s klassiker en meast spile operea ea La Traviata (1853) nei it Fryske Spangea. De foarstelling is de twadde fan Opera Spanga’s Ljouwert-Fryslân 2018 trijelûk, yn gearwurking mei Filharmonie Noord. Earder waard Macbeth (2016) opfierd, takom jier is Aida prominint oanwêzich yn it programma fan LF2018.

Dizze La Traviata spilet him ôf yn de tiid fan de feroaringen yn de prostitúsje, op de skiedsline fan sjike klubs en lugubere ôfwurkplakken. It is in protest tsjin de al mar wreidzjende frouljushannel, in oanklacht tsjin it gebrek oan beskaving en tsjin barbaarskens.

De premjêre fynt plak op 22 july, de oare foarstellingen binne op 25, 27, 29 en 31 july en 2, 4 en 5 augustus.
Oanfang: 20:30 oere
Lokaasje: Spangahoekwei 47 yn Spangea 8482 KL, Fryslân
Mear ynformaasje: julia@operaspanga.nl
Kaartferkeap: www.operaspanga.nl/kaartverkoop

Besetting
Op de bariton Marcel van Dieren (Germont, de heit fan Alfredo) nei, bestiet de besetting út jonge talinten. Van Dieren song by Opera Spanga û.o. yn Falstaff Revisto, Stuyvesant Zero, de operafilms Donna Giovanna en Gianni Schicchi en ôfrûne simmer skittere hy yn de titelrol fan Macbeth. Violetta wurdt songen troch de Turksk-Nederlânske Aylin Sezer. Alfredo, har leafde, wurdt songen troch de Kolombiaan Juan Carlos Echeverry. Hy song by Opera Spanga û.o. Don Ottavio yn de operafilm Donna Giovanna en Macduff yn Macbeth. Merlijn Runia is Flora, Sam Eggenhuizen Barone Douphol, Alexander de Jong Dottor Grenvil. Tjalling Wijnstra dirigearret syn orkest Filharmonie Noord mei passy en wannear’t nedich pynlik wrang troch de partituer hinne. 

Meiwurkers
Artistyk lieder Corina van Eijk tekenet foar de rezjy. Sy soarget foar de typyske Opera Spanga sinjatuer, dy’t trou oan ditkear Verdi, de raffelige rânen mar ek de kwetsberens fan de minsk sjen lit. It troch de wol ferve artistike team, Jolanda Lanslots (dekôr), Pieter van Rooy (kostuum), Henk Post (ljocht) en Marjan Boukes (make-up) jouwe dizze foarstelling foarm.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners
Initiators