Ga naar inhoud
MAP
fy

Media beweecht him graach tusken de Oerolgongers

De media berjochtsje folle en faak oer it Oerol Festival. Wat foar in protte minsken it jierlikse kulturele hichtepunt is, wurdt troch de binnen- en bûtenlânkse parse op de foet folge. De Ljouwerte Krante set alle dagen in fideo online en fansels die Omrop Fryslân al ferslach.

NPO2 fettet de gong fan saken op it eilân gear mei Opium op Oerol, alle dagen fan 19.20 oere ôf presintearre troch Cornald Maas. Alle útstjoeringen oant no ta weromsjen kin fia fia dizze link.

Ferslachjouwers fan deiblêden as NRCDe Volkskrant en Parool hâlde harren benammen dwaande mei it skriuwen fan resinsjes.

Sense of Place

Trouw ynterviewde Joop Mulder dy’t fanôf dizze edysje net mear festivaldirekteur fan Oerol is. Hy rjochtet him no folslein op Sense of Place, ien fan de gruttere projekten fan LF2018. Sense of Place, in samling fan keunst lâns de noardlike waadkust, is dizze Oerol-edysje opnij ien fan de blikfangers. Tsjin Trouw sei Mulder: “Dizze wurken litte de pracht fan it Waadgebiet sjen. Ik bin sa grutsk op dizze omjouwing, wienen mar mear minsken dat.”

It folsleine artikel kinst hjir lêze.

Alle foto's binne makke troch Koen Noorduin en Marouschka Huidekoper/IMAZZO.

Programmanijs | Media beweecht him graach tusken de Oerolgongers

 

Programmanijs | Media beweecht him graach tusken de Oerolgongers

 

Programmanijs | Media beweecht him graach tusken de Oerolgongers

 

Programmanijs | Media beweecht him graach tusken de Oerolgongers

 

Programmanijs | Media beweecht him graach tusken de Oerolgongers

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens