Ga naar inhoud
MAP
fy

,,Meielkoar berikst mear”

By in advokate- en notarissenkantoar tinskt net metien oan kultuer. Dochs besleat De Haan Advocaten & Notarissen de earste businesspartner fan Ljouwert-Fryslân 2018 te wurden; mei in goeie reden.

“We hawwe kantoaren troch it hiele lân, mar ús woartels lizze yn Fryslân”, seit advokaat Ruud Glas. “Mei ús foargonger AGW Notarissen giet de skiednis werom oant yn de njoggentjinde iuw. We binne al jierren sponsor fan it keatsbûn KNKB, freon fan it Fries Museum en in protte fan ús meiwurkers hawwe njonkenfunksjes by kulturele ynstellingen en organisaasjes.” Sels sit Ruud yn it bestjoer fan Meeuw Jonge Theatermakers. “We binne belutsen by in soad projekten fan Ljouwert-Fryslân 2018. Foar ús koe it dan ek net oars as partner fan LF2018 te wurden.” 

Der is yntusken in soad feroare. “Wy wienen de earste grutte sponsor. Doe’t we fan start gienen wie der noch net in definityf programma en de animo foar Kulturele Haadstêd wie noch lang sa grut net as no. De organisaasje makke tegearre mei in hiel grutte groep entûsjastelingen in geweldige stap. Fanút it neat is in folslein programma optúgd, ynklusyf partners, sponsors en in keur fan aktiviteiten. It begjint no echt te kribeljen as it oer Ljouwert-Fryslân 2018 giet.”

Njonken de aktiviteiten wêrfoar’t de advokaten en notarissen harren altyd al ynsette, ferbynt it kantoar him oan grutte produksjes as de Escher-tentoanstelling dy’t fan 28 april ôf yn it Fries Museum te sjen is, en de Reuzen fan Royal de Luxe dy’t we yn augustus ferwachtsje kinne. “We wolle sa graach bydrage oan in ûnderlinge gearhing yn Fryslân. LF2018 fersterkte dy gearhing noch mear. Nei 2018 sil dat yn Fryslân bestean bliuwe. Allinne giest miskien flugger, mar meielkoar berikst mear.”

Ruud telt ôf nei Het Openingsweekend ein jannewaris. “Elkenien dy’t fan ús prachtige kultuer hâldt, kin yn 2018 syn hert ophelje. By it sjen fan it folsleine programma is it dreech om te kiezen. Der is safolle moais te sjen en te belibjen. Ik bin wol hiel benijd nei it iepeningswykein.”

En net alhiel ûnbelangryk, Ruud sjocht ek nei de jieren nei 2018. “Wy hoopje dat we mei de hiele provinsje mear fan dit soarte moaie projekten belibje meie. Of it no giet oer sirkulêre ekonomy, wettermanagement of bysûndere ynfrastruktuer, sport of kultuer. Wy drage graach ús stientsje by.”  


Tekst: Mark Grupstra / foto's: Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens