Ga naar inhoud
MAP
fy

Meitsje kâns op 10.000 euro foar Explore the North '17

LJOUWERT – Wolsto kâns meitsje op 10.000 euro foar dyn projektplan? De Popfabryk en Explore the North roppe Fryske makkers yn de popkultuer op om harren ideeën en projektplannen yn te tsjinjen foar 1 november 2016. Ut de yntsjinne ideeën en plannen wurde maksimaal acht konsepten selektearre. De selektearre makkers wurde útnoege foar in pitch op woansdei 23 novimber 2016 – dit is yn de wike fan Explore the North 2016. Reagearje moat foar 1 novimber oankommend.

In panel giet dy jûns yn petear mei de makkers en selektearret hjirút in oantal ideeën dy’t tegearre mei de makkers fierder ûndersocht wurde sil op helberens. It meast helbere idee wurdt dêrop yn ‘e mande mei de Popfabryk produsearre en troch Explore the North programmearre foar de edysje fan 2017.

De Popfabryk en Explore the North hawwe hjirfoar in produksjebudzjet fan 10.000 euro reservearre. Hoe kinst dy oanmelde? Makkers kinne ideeën en plannen oant 1 novimber 2016 maile nei info@popfabryk.nl. De ideeën en plannen omfetsje yn elts gefal in dúdlike omskriuwing fan it artistike konsept, in globale begrutting en in planning.

Wa binne it?

De Popfabryk en Explore the North slaan de kommende jierren (2016-2019) de hannen ynien by it stimulearjen en realisearjen fan nije Fryske produksjes op it mêd fan de popkultuer.

De Popfabryk is it Frysk produksjehûs foar popkultuer. Ferriking, ferdjipping en fernijing fan de popkultuer binne hjirby wichtige útgongspunten, allyksa de ynteraksje tusken popmuzyk en oare keunstdissiplines. Sjoch foar mear ynformaasje op www.popfabryk.nl

Explore the North is it festival foar muzyk en ferhalen op ûnferwachtse plakken yn Ljouwert. De koproduksje belibbet syn premjêre op Explore the North 2017 en wurdt dêrnei noch in jier lang útsetten op festivals en poadiums yn binnen- en mooglik ek bûtenlân. Sjoch foar mear ynformaasje op http://explore-the-north.nl

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens