Meld dy gau oan en presintearje dyn projekt fia LF2018

It jier 2018 is op kommendewei. It begjint te brûzjen en te boarreljen, want Ljouwert en Fryslân steane yn de kulturele etalaazje fan Europa yn 2018. We fiele it hieltyd mear en we sjogge it ek hieltyd mear. Mei elkoar geane we in bysûnder jier temjitte fol aktiviteiten en projekten. Begjin oktober 2017 meitsje we it folsleine programma fan Ljouwert-Fryslân 2018 bekend oan it grutte publyk.

Bist sels belutsen by in projekt of inisjatyf yn 2018? Gryp dyn kâns en presintearje dyn projekt ek fia ús kanalen.

Yn twa stappen soargje we dat dyn projekt fan oktober ôf op de fernijde webside in plakje krijt. De earste stap is it oanmeitsjen fan dyn eigen akkount, wêrmei’st aanst sels de ynformaasje oer dyn projekt uploade kinst. Klik op Accountaanvraag agenda LF2018 en folje de frege gegevens yn. Let op: dit akkount is persoansbûn. Folje hjir dus allinne de persoanlike gegevens yn fan de kontaktpersoan fan it projekt. Dus gjin gegevens fan dyn projekt ynfolje!

Nei ûntfangst meitsje wy in unyk akkount oan. Dan folget stap 2. Mei it akkount is it mooglik om alle ynformaasje oer dyn projekt yn te foljen. Sadree’t dyn akkount klear stiet, krijst hjir in mail oer mei dyn ynlochgegevens.

It oersetten en ferwurkjen fan dyn ynput kostet tiid. Dêrom moatte wy it projektmateriaal echt úterlik 20 july hawwe, sadat we alles foar 5 oktober klearmeitsje kinne foar de bekendmakking oan it grutte publyk. Bist noch net safier en hellest de datum fan 20 july net? Gjin man oerboard! Alle wiken folget in update wêrby’t nije Nederlânsktalige ynput in plak op de webside krijt. It oersetten fan dizze letter ynlevere kontent duorret langer, hâld dêr rekken mei. De frekwinsje fan dy updates litte we jim sa gau mooglik witte.

Troch dêrnei yn te loggen, kinst dyn projekt tafoegje oan de webside fan LF2018.

LF2018 sjocht op redaksjoneel nivo mei en soarget foar de oersetting(en) fan dyn tekst foar ús bûtenlânske besikers.

Kenst in oar moai projekt dat we ús besikers net ûnthâlde meie? Stjoer dit berjocht dan gerêst troch of diel it fia sosjale media!

Hast noch fragen? Skromje net en mail nei communicatie@2018.nl .

Alfêst tige tank en in protte sukses mei de tariedingen foar 2018.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners
Initiators