Ga naar inhoud
MAP
fy

‘Mennonite Cooking’ tusken blommen en planten

De hoefizers fan rún Wopke kletterje gesellich oer de klinkerts fan Wytmarsum. Mei de swipe moediget koetsier Sjerp de Jong syn Fryske hynder noch wat oan. “Hup jong, drave!” Op de bok en efter yn de wein wurdt ûndertusken folop wille makke troch Wim Beckers, Klaas Smit en Menno de Vries. In sûne doasis humor, dat is it wichtichste yngrediïnt om harren projekt Witmarsum 2018 oer ‘Dwerstinkers’ mei Ljouwert-Fryslân 2018 ta in grut sukses te meitsjen.

Trije histoaryske dwerstinkers

Trije histoaryske dwerstinkers telt Wytmarsum yn elts gefal. Sa komme der alle jierren hûnderten toeristen nei it doarp om it skulpturetsjerkje en it monumint ta eare fan tsjerkherfoarmer Menno Simons (1496-1561) mei eigen eagen te sjen. “Simons wie in katolike pastoar, mar hy gie syn eigen wei,” fertelle de mannen. Hy fûn dat de minsken harren as folwoeksenen dope litte moasten en stride foar mear leauwensfrijheid.

“De katoliken fûnen dat hielendal neat fansels”, leit De Vries út. Simons organisearre dêrom geheime tsjinsten yn húskeamers, iepen plakken yn bosken of tusken hagen (hagepreken). Hy waard ferfolge en flechtte, mar krige oer de hiele wrâld in grutte oanhang. “Yn Nederlân, Europa en sels yn Noard- en Súd-Amerika wenje noch altyd menisten.” Om de twa wiken wennet De Vries sels in tsjerketsjinst by fan de Menistegemeente yn it doarp. “Yn alle iepenheid gelokkich.”

Itensiede neffens de wize fan Menno Simons

De felle reade kleur fan it monumint stekt moai ôf tsjin de blauwe loft. “Wy, menisten, fine it belangryk om mei respekt mei de grûn te libjen.” De Vries wiist nei al it grien om him hinne. Menisten, ek wol mennoniten, wienen benammen boeren, krekt as De Vries. Sels rydt er wol auto, mar om yn de sfear fan Simons tiid te kommen, litte de hearen harren hjoed mei de koets ferfiere nei de stielen konstruksje dy’t it skûltsjerkje symbolisearret.

“Wy hawwe hjir in hiel moai ferhaal lizzen yn Wytmarsum, mar wolle der yn 2018 ek in ludike draai oan jaan”, fertelt Beckers. Meiinoar betochten se dêrom de workshop ‘Mennonite Cooking’. Tidens LF2018 kinne minsken, tusken de blommen en planten fan Groencentrum Witmarsum, itensieden leare neffens de fisy fan Simons. “Sûnder te folle poespas en mei produkten fan eigen lân. It binne simpele gerjochten.” En dat is ek wol nedich, want sels steane de hearen net faak appeltaart te bakken, bekenne se mei preteagen. “It is in tagonklike wize om te fertellen oer wa’t Menno Simons wie en wêr’t hy foar stie.”

De twa oare ‘Dwarsdenkers’ út Wytmarsum binne de Fryske taalbeweger Gysbert Japicx (1603-1666) en sportfernijer Pim Mulier (1865-1954). Letter mear hjiroer.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens