Ga naar inhoud
MAP
fy

Miljoenepublyk foar Farm of the World-tún yn Londen

LONDEN – Miljoenen Britske telefyzjesjoggers nimme fan 24 maaie ôf in foarskot op Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Dan begjint yn Londen nammentlik de Chelsea Flower Show, wrâldwiid beskôge as de wichtichste tentoanstelling foar túnen en túnbou. It team fan Farm of the World, projekt fan Ljouwert-Fryslân 2018, is ien fan de dielnimmers en wurdt sponsere troch AkzoNobel.

Farm of the World toant in fervetún yn de kategory Fresh Gardens. De AkzoNobel Honeysuckle Blue(s) Garden is folslein wijd oan histoarysk fervegewaaks. Dizze planten steane opnij yn ‘e belangstelling fanwegen harren bydrage oan it bioferskaat en om de hege kwaliteit kleurstoffen dy’t se produsearje.

“De fervegewaakstún wol net allinne de skientme fan planten sjen litte, mar ek de krêft fan de kleuren dy’t se produsearje wannear’t se ta fervestoffen transformearre binne”, seit byldzjend keunstner Claudy Jongstra. Hja ûntwurp de tún yn ‘e mande mei túnûntwerper Stefan Jaspers. Jongstra brûkt de ferveplanten, lykas wede, kamelle, faleriaan, nettel en goudsjeblom, elke dei foar it meitsjen fan har keunstwurken. Spesjaal foar de Chelsea Flower Show makke se in nij wurk dat yn de Honeysuckle Blue(s) Garden te sjen wêze sil.

Mei likernôch 150.000 besikers en alle dagen (rjochtstreekse) reportaazjes fan de BBC is de Chelsea Flower Show alle jierren wis fan miljoenen belangstellenden. Lykas foargeande jierren wurdt de eksposysje besocht troch fertsjintwurdigers fan it Britske keningshûs.

De Honeysuckle Blue(s) tún, in staalkaart fan wat it publyk yn 2018 - dan yn De Blokhúspoarte - te sjen krijt, wurdt genereus stipe troch AkzoNobel, op inisjatyf fan de AkzoNobel Art Foundation. Ek de Nederlânske Ambassade yn Londen, Schellevis Beton en CED Natural Stone hawwe de tún mei mooglik makke.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens