Ga naar inhoud
MAP
fy

Nederlands Blazers Ensemble liedt tegearre mei Kening fan ‘e Greide it jier 2018 yn

LJOUWERT -  De gemeente Ljouwert jout de start fan 2018 – it jier wêryn’t Ljouwert-Fryslân kulturele haadstêd fan Europa is – in ekstra feestlik tintsje. Njonken de gebrûklike nijjiersresepsje, dit jier op woansdei 3 jannewaris fan 18.00 oant 20.00 oere, jout de gemeente har ynwenners in muzikaal kado. Fan 20.00 oere ôf liedt it Nederlands Blazers Ensemble tegearre mei boargerinisjatyf Kening fan ‘e Greide it bysûndere jier yn mei it bekende Nieuwsjaarsconcert, twa dagen earder holden yn it Concertgebouw yn Amsterdam. 

Fanwegen de gemeentlike weryndieling mei Ljouwerteradiel en in part fan Littenseradiel socht de nije gemeente Ljouwert nei in bysûndere iepening fan it kulturele haadstêdjier. As ûnderdiel fan it programma fan LF2018 wurke Kening fan ‘e Greide al tegearre mei it Nederlands Blazers Ensemble oan in spesjale edysje fan it nijjierskonsert. Yn neifolging fan it Concertgebouw yn Amsterdam is it populêre, no al útferkochte konsert – mei sa’n 6.000 besikers –  op 3 jannewaris ek yn Stedsskouboarch De Harmonie te sjen. Dêrmei fiert de skries – dy’t in rol spilet yn de foarstelling en ús ferbynt mei de rest fan de wrâld – syn thúskomst nei in lange reis út Afrika en Súd-Europa wei nei de achtertún fan Ljouwert. En komt er oan yn de kulturele haadstêd fan Europa yn 2018: Ljouwert-Fryslân. 

Lang sille we yn ’t rûn draaie
It nijjierskonsert fan it NBE is al jierren in garânsje foar emoasjes en ferrassing. Mar de edysje fan 2018 belooft ekstra spesjaal te wurden: dit jier is it tema fan it nijjierskonsert ‘Lang zullen we ronddraaien!’ In tema mei in dúdlik boadskip, nammentlik dat we der mei ús allen foar soargje moatte dat de ierde fitaal, ûnderskiedend en sûn bliuwt: foar elkenien. In boadskip dat ek Kening fan ‘e Greide al jierren útdraacht, ûnder mear fia de echte ferhaleferteller, de skries. Tidens it konsert bringe musisy, wêrûnder slachwurker Sytse Pruiksma fan Kening fan ‘e Greide, in oade oan it ferskaat fan it Europeeske lânskip én de skries. Tidens Ljouwert-Fryslân 2018 stiet de skries yn it skynljocht yn stikmannich kulturele en edukative programma’s, en sintraal yn it Natuurmuseum Fryslân tidens it Grote Grutto Theater. Mear ynformaasje is hjir te lêzen.

Live útstjoering fia NPO2
It Nieuwjaarsconcert is in ko-produksje fan it NBE en BNNVARA, dit jier dus yn gearwurking mei Kening fan ‘e Greide, dat wer ûnderdiel is fan it haadprogramma fan Ljouwert-Fryslân 2018. It Nieuwsjaarsconcert wurdt op 1 jannewaris jûns om 19.00 oere live troch BNNVARA útstjoerd op televyzje (NPO2). Mear ynformaasje is hjir te finen.

Kaarten Ljouwert
De resepsje fynt plak yn de foyer fan De Harmonie, it konsert yn de Aegonseal. Resepsje en konsert binne beide fergees tagonklik. Om it Nieuwjaarsconcert by te wenjen, is opjaan foarôf ferplichte. De kaarten binne fan moandei 11 desimber ôf oant ‘e mei freed 15 desimber allinne by De Harmonie te reservearjen, telefoanysk (058-233 0 233) of oan de kassa, foar ynwenners fan de (nije) gemeente Ljouwert. Dêrnei kin elkenien kaarten bestelle. Fol is fol. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens