Ga naar inhoud
MAP
fy

No al fernimst dat it toerisme tanimt

Elkenien ken it Keramiekmuseum yn Ljouwert, mar wist dat middenyn de bouput dy’t de Blokhúspoarte op dit stuit is, ek in kreative keramist fêstige is? In plak dêr’tst noch sels learst potten en pannen te klaaien? Dit is de wurkpleats fan Lies van Huet, better bekend as Lies Keramiek. Mei winkel en wurkpleats yn ien kinst fuort sjen hoe’t en wêr’t de oanbeane produkten makke wurde. Alles soarchfâldich mei de hân makke, gjin produkt itselde.

Wa’t oan keramisten tinkt, tinkt al gau oan in stoffige binde. Mar neat is minder wier. ,,Keramyk is booming. Ik jou les oan klassen fan it Friesland College fan de oplieding Creatief vakman. Dat binne allegear jongeren. As dy hjir komme mei har eardoppen yn - yn har eigen wrâldsje - en ik begjin de les, dan sjochst se nei in healoere allegear drok dwaande en binne se de rêst sels. Ek al wolle se net allegear keramist wurde, se fine it leuk wurk. Dat komt omdatst ek yn de auto-yndustry, yn de loftfeart en oare yndustryen keramyske materialen sjochst. Dêrneist soarget de opkomst fan de 3D-printer derfoar dat jongeren it nijsgjirrich fine. De 3D-printer is in prachtige tafoeging oan de keramyske techniken. Sels wrot ik it leafst mei de hannen yn de klaai.

Ynternasjonalisearring
Lies jout keramyklessen oan klanten út it hiele lân. Se nimt krekt ôfskied fan in stel dat út Utrecht komt. ,,Fernimst wol dat sûnt Ljouwert ta Kulturele Haadstêd fan 2018 útroppen is, it ynternasjonale toerisme al tanimt. Ik krij hieltyd mear besikers út Italië, Japan, Dútslân, Letlân en Denemarken.”

En krekt dy ynternasjonalisearring, dêr heakket Lies op yn. Hoewol’t ynternasjonaal neffens har net iens bestiet. ,,Grinzen binne mar symboalysk. As ik wat doch, binne der altyd meardere plakken op de wrâld dêr’t presys itselde bart. Ek al witst dat net fan elkoar. Sa kaam fjouwer jier lyn foar it earst de Amerikaanske keramiste Anna Greidanus yn myn atelier. Har âlden komme út Nederlân, sy is yn Amearika berne. Alle simmers komt Anna in wike nei Nederlân om by my te wurkjen: in artist in residence!”

Oer de grinzen hinne
,,Nei de beneaming fan LF2018 bin ik fuort begûn nei te tinken oer myn rol. Ik ha earst mokken makke mei it logo derop. Dat is in sûvenir wurden dat in soad ferkocht is. Ek ha Anna en ik besletten foar 2018 tegearre in projekt te dwaan. Sy makket wat fan keramyk en dêr heakje ik dêrnei wat oan ta, of oarsom. Oan elkoars produkt komme is frij unyk yn de wrâld fan de keunst. It giet oer grinzen hinne.” Yn de stellingkasten steane al in pear foarbylden fan produkten sa’t we dy takom jier ferwachtsje kinne. Bygelyks in grize faas mei in wyt ynlisstik.

,,Wy diele ús fyzje op estetyske foarmen en drukke dat út yn it brûken fan ferskillende soarten klaai. We hoopje yn 2018 dat we ús wurk op ferskillende plakken tentoanstelle meie. Yn alle gefallen is It Amelân al bot ynteressearre en we sjogge nei de Blokhúspoarte om gear te wurkjen mei oare inisjativen. Ik ha hjir in prachtige romte nammentlik.” Wa’t net oant 2018 wachtsje kin, kin syn hert ophelje by de Kunstmaand Ameland yn novimber 2017. Dan jouwe Lies en Anna nammentlik in foarpriuwke fan har wurk.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens