Ga naar inhoud
MAP
fy

Oade oan Vestdijk

It rút fan de âlde bakkerij yn Raard jout sicht op in skiep, weidzjend yn ‘e greide. De earste blêden fan in lytse appelbeam lizze in flierkleed bûten it geboutsje dat no tsjinst docht as wenning. Sjonger Jankobus Seunnenga is okkerdeis ferhúze fan de drokke strjitten fan it sintrum fan Ljouwert nei dit pittoreske optrekje. Mei útsjoch op in hast idyllysk lânskip: in ynspiraasjeboarne foar elke artyst.

Fan Lowlands oant Paradiso: Jankobus hat der stien. Hy stiet bekend om syn oandiel yn de punkband Kobus gaat naar Appelscha en it Fryske folksduo Pigmeat. Tidens Ljouwert-Fryslân 2018 fine we de oerpunker yn de Fryske húskeamers. Hy smyt it oer in oare boech en fertolket de dichtbondel ‘Fabels met Kleurkrijt’ fan Simon Vestdijk op cd en draacht dizze foar yn in tige yntime setting. 

Werkenber
Fabels met Kleurkrijt (1938, red.) bestiet út fyftjin gedichten mei tema’s út ‘e natuer. “Ik fyn yn ‘e regel gedichten fan begjin tweintichste iuw de moaiste út de dichtkeunst. It binne hiel oersichtlike gedichten dy’t allegear by elkoar passe. Alle sinnen binne ûngefear like lang en de rymskema’s klopje. Dêrtroch is it maklik yn muzyk om te setten. Yn moderne gedichten sit faak gjin inkeld ferbân. Dêrneist is de tweintichste iuw in tiid wêryn’t myn pake en beppe noch libben. Ik wit ek noch wat fan dy tiid troch ferhalen fan eartiids.” 

Jankobus is net allinne op Simnon Vestdijk fallen troch syn moaie gedichten. “Ik haw earder in gedicht fan Vestdijk fertolke en moast dêrfoar tastimming freegje oan de neibesteanden. Fia syn widdo bin ik yn kontakt kaam mei de soan fan Simon, Dick Vestdijk. We hienen fuortendalik in klik. No wurkje we tegearre oan dizze cd. Dick sjongt ien fan de gedichten en spilet fioele of gitaar by de oaren. Hy kin ferskriklike moai fioelespylje.” 

Premjêre
De cd wurdt op 28 jannewaris 2018 presintearre yn de Kleasterkapel yn Sibrandahûs. “Dan is it de wike fan de poëzy én fynt it iepeningswykein fan Ljouwert-Fryslân 2018 plak. In prachtich startskot foar in tour troch Fryslân.” De tour giet as ûnderdiel fan Lân fan Taal ûnder mear lâns poadium Gorter yn Balk en de biblioteek yn Ljouwert. “Foar tritich man optrede yn de doarpstsjerke is folle spannender as foar fiiftûzen minsken op Lowlands”, leit de muzikant út. “In lyts publyk heart alles.” 

Fierdere datums
16 desimber - Ljouwert - Freeze-Festival: Preview 'Fabels met kleurkrijt'
26 jannewaris - Burgum - biblioteek (jûns)
28 jannewaris - Sibrandahûs - Kleasterkapel - CD-presintaasje (middeis)
09 febrewaris - Harns - Bilblioteek (jûns)
23 febrewaris - Ie - Dream Project Studios (jûns)
04 maart - Balk - Podium Gorter (middeis)

Kaartferkeap oan ‘e doar

 

Tekst: Mark Grupstra / foto's: Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens