Ga naar inhoud
MAP
fy

Oerol op De Hoeve

Yn 2015 doopte it Súdeast Fryske De Hoeve harsels ta Kultureel Haaddoarp fan 2018. De fiifkoppige organisaasje fan stichting JAWIS luts alles út ‘e kast en presintearre har eigen bidbook op it stedhûs yn Ljouwert. De doelstelling fan JAWIS: De Hoeve op ‘e kaart sette en it leefber hâlden fan it plattelân. 

“We moatte derfoar soargje dat de doarpen leefber bliuwe”, begjint Sjoukje Wouda, sekretaris fan de stichting. “De Hoeve hat lokkigernôch in hiele hechte mienskip wêrfan’t de jongeren graach werom komme wolle nei harren stúdzje. Beskikbere hûzen binne lykwols sa djoer dat se foar starters net te beteljen binne. We binne mei de gemeente yn petear om in oplossing te sykjen, want der mei spitigernôch net boud wurde. Lokkich sjochst in feroaring. Der komme hieltyd mear inisjativen yn dizze rjochting en de gemeente Weststellingwerf stiet hjir posityf yn. Wy hoopje mei ús aktiviteiten hjir in stientsje oan by te dragen.” 

JAWIS
Der binne ek positive foarútsichten. It doarp hat twa grutte, ferbinende skeakels: de basisskoalle en doarpshûs ’t Hokkien dat yn 2013 folslein fernijd is. “Der is hjir altyd wat te belibjen”, giet Izie Hoogeveen, foarsitter, fierder. “Mei de komst fan it nije doarpshûs is JAWIS ûntstien. In stichting dy’t alderlei kulturele aktiviteiten yn it doarp organisearret. JAWIS stiet foar Jannie, Annigje, Wim, Izie en Sjoukje: de fiif leden.

JAWIS stie yn earste ynstânsje los fan Ljouwert-Fryslân 2018. “Yn 2015 besletten wy ússels Kultureel Haaddoarp te neamen. Mei in knypeach nei Ljouwert”, folt Sjoukje oan. De Stellingwerven lizze oan de oare kant fan De Tsjonger, mar hearre dochs wier by Fryslân. Wy slagge mei Kultureel Haaddoarp in brêge oer De Tsjonger. Okkerdeis noch hat ús ambassadeur, deputearre Sietske Poepjes, ús teaterfestival iepene troch letterlik oer de brêge te kommen nei it Stellingwaver laand. Us logo lit ek de ferbining sjen tusken De Hoeve en de rest fan Fryslân. We sizze ek wol: ‘De Hoeve, een stippien op ‘e kaort. Liggend tussen de Lende en de vaort.’

Kultuer ferbynt
Mei alle leuke dingen dy’t De Hoeve yn petto hat, wol it sjen litte hoe leuk it libben yn in doarp is. “We binne no al drok dwaande. Sa hawwe de basiskoalbern in kudde houten skiep beskildere. “Dizze kudde stiet by de yngong fan De Hoeve en symbolisearret ús mienskipsgefoel. Us frijheidsbyld”, grapket Sjoukje. JAWIS is drok dwaande mei de plannen foar Ljouwert-Fryslân 2018. Ien fan de hichtepunten is de gearwurking mei Tryater. Dit oerfryske teaterselskip komt yn oktober takom jier nei De Hoeve om Dorp Europa op te fieren. 

“Takom jier is hjir in soad te belibjen. Sa fiert Tryater hjir Dorp Europa op, wurdt der in cd makke en bart der noch folle mear.” JAWIS mei dan de organisearjende partij wêze, mar as JAWIS kinne se it net allinne. “We binne ôfhinklik fan safolle frijwilligers. Sa wienen by in foarstelling dy’t ferline jier plakfûn wol hûndert frijwilligers belutsen. Ast dan betinkst dat ús doarp sa’n fjouwerhûndert ynwenners telt, is dat in hiel grut oantal.” 

Húskeamerkonserten
Klapper op de fjoerpylk wurdt de koare-  en teatermanifestaasje neffens Izie. Tegearre mei Opera Spanga, it Verona fan Weststellingwerf, wurdt hjir útfiering oan jûn. “Dêrfan hawwe we dit jier al in foarpriuw holden. Der komme koaren út de omkriten hjir optreden op ludike plakken. Net allinne op strjitte of yn ‘e tún, mar bygelyks ek op it dak.” Kultuer sit by Izie yn ieren en sinen. Hy is leafhawwer fan teater en sjongt sels mei tidens de manifestaasje. Syn dream? “Oerol op De Hoeve. Ik kom al sûnt jjier en dei op Oerol. Foaral it Oerol fan eartiids sprekt my oan. Minsken gienen doe gewoan in kaffee yn, pakten in gitaar en begûnen te spyljen. Yn de dúnen bart dat noch altyd. Soks wolle we hjir ek yn de strjitten en húskeamers ferwêzenlikje.”

 

Tekst: Mark Grupstra / foto's Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens