Ga naar inhoud
MAP
fy

Oldtimers fan Autodrop makket unyk dropke foar LF2018

De direksjes fan Concorp en Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 hawwe hjoed in partneroerienkomst ûndertekene. It meast unike fan dizze gearwurking? Concorp yntrodusearret ûnder har dropmerk Oldtimers in spesjaal dropke foar Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 (LF2018). 

In autentyk Frysk dropke
Mei de gearwurking lit Concorp sjen dat se grutsk is op de Fryske oarsprong fan har fabryk. De produksje begûn ommers oait yn Ljouwert. Neffens it bedriuw is der mar ien wize om dizze grutskens út te dragen en dat is mei it Fryske dropmerk by útstek: Oldtimers. Thijmen Peter de With, direkteur fan Concorp, kin noch neat ferklappe oer de smaak fan it dropke. “It produkt is noch yn ûntwikkeling. Mar sa’t men fan Oldtimers wend is, fokusje we op de autentike en kwalitative smaak. In dropke dêr’t elkenien fan hâldt!” It produkt wurdt yn gearwurking mei Poiesz Supermarkten ûntwikkele en sil dêr fan jannewaris 2018 ôf eksklusyf te krijen wêze.

Kultuer feroarsaket ek ekonomyske ympuls
Concorp wurdt mei har merk Oldtimers ko-sponsor fan LF2018. “We roppe gauris dat kultuer ek in ekonomyske ympuls teweibringt”, seit Tjeerd van Bekkum, direkteur fan LF2018. “Wolno, dit dropke leveret aanst it tastbere bewiis foar dizze stelling.” De bedriuwsfiering fan Concorp is sterk rjochte op ferantwurde en duorsum konsumearje en produsearje. “By sa’n partner fiele wy ús thús”, sa seit Van Bekkum. “Duorsumens is nammentlik in wichtich tema yn ús filosofy en dy fan de stêd en de provinsje.”

Oer Concorp
Concorp is in Nederlânsk famyljebedriuw dat aktyf is yn it swietguod. Concorp hat twa eigen produksjelokaasjes wêr’t ûnder mear de merken Autodrop en Oldtimers makke wurde, en is eksklusyf distributeur yn Nederlân fan meardere A-merken lykas Fisherman’s Friend en Ricola. It bedriuw hat in grut assortimint oan winegum, drop en kielferfrissers, wêrûnder ek ferantwurde konsepten as biologysk en sûkerfrij snobbersguod. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens