Ga naar inhoud
MAP
fy

Oranjewoud Festival 2017, lokkigernôch hawwe we de foto’s noch

ORANJEWÂLD – It sit der op: fiif dagen lang geniete it publyk fan muzyk yn it boskrike gebiet om Oranjewâld hinne. Op twadde pinksterdei einige it Oranjewoud Festival, as ûnderdiel fan LF2018. Nei de lêste toanen fan it Nederlands Blazers Ensemble, dat moandei it slotkonsert joech, gie it ljocht út. Takom jier wurdt it festival opnij hâlden. Dan noch grutter en mei noch mear muzikanten.

De fotografen Koen Noorduin en Marouschka Huidekoper besochten de sechde edysje fan it evenemint en kamen mei prachtige plaatsjes werom.

Ferspraat oer it gebiet spilen mear as 120 Nederlânske en ynternasjonale topmusisy de moaiste muzyk yn in lytsskalige, yntime setting. Yn in noflike sfear lústerje nei koarte optredens, dat is it festival yn in nútedop. Mei konserten yn de bûtenloft, mar ek op oerdekte lokaasjes lykas Museum Belvédère, de Ecokathedraal, histoaryske bûtenpleatsen en sels yn in bunker ûnder de grûn.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens