Ga naar inhoud
MAP
fy

Positive reaksjes op foarriedich ûntwerp IIsfontein en de Merk

DOKKUM – Moandei 27 febrewaris binne yn de Grutte Tsjerke yn Dokkum de presintaasjes jûn fan de foarriedige ûntwerpen fan de IIsfontein en de Merk. Dêrby waard ek ferteld oer it proses wêrby’t gemeente en mienskip gearwurke hawwe mei keunstner Birthe Leemeijer, stêdeboukundige Enno Zuidema en omjouwingsarsjitekt Hanneke Kijne.

De ynwenners fan Dokkum binne op alderhande wizen belutsen west by de werynrjochtingsplannen en de bêste lokaasje foar de fontein. Yn septimber 2015 waard in earste sketsûntwerp presintearre. Hjirnei is in mienskipskommisje fan sa’n 20 fertsjintwurdigers foarme dy’t om de pear wiken byien kaam binne om input en feedback te jaan en mei te sjen en tinken mei de stêdeboukundige ûntwerpers en de keunstner.

De merk mei de IIsfontein moat in grien moetingsplak wurde wêr’t de rike skiednis fan it plak in weardefolle ynfolling krijt.

Duorsumens is in wichtich tema foar de IIsfontein fan Birthe Leemeijer. Se wol mei sa min mooglik enerzjy de meast optimale iisfoarming krije. Ek wie it in betingst foar Leemeijer dat de fontein gebrûk meitsje soe fan griene enerzjy. It oarspronklike plan om sinnepanielen yn it plein op te nimmen hat se opjaan moatten. Technysk sjoen is dat troch it yntinsive gebrûk fan it plein (noch) net mooglik. Tegearre mei de gemeente en de enerzjykoöperaasje wurdt der no sjoen nei oare oplossingen, bygelyks op daken, en hoe’t de mienskip dêr ek gebrûk fan meitsje kinne soe.

Op de webside fan Birthe Leemeijer is in taljochting op it ûntwerp fan de IIsfontein te lêzen.

Besjoch hjir in fideo fan de presintaasje, ynklusyf in ynterview mei Birthe Leemeijer. De fideo is makke troch Finster op Fryslân.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens