Ga naar inhoud
MAP
fy

Potatoes go Wild offisjeel partner fan Ljouwert-Fryslân 2018

SINT-ANNE – Se mochten sels ek meiskile: de beliedsmakkers fan Ljouwert-Fryslân 2018 en de Stichting De Bildtse Aardappelweken (BAW). Tidens it jierlikse Iepen Biltsk Kampioenskip Bildtstarskilen ûndertekenen se de foarriedige oerienkomst dy’t fan Potatoes go Wild in offisjeel programma fan Ljouwert-Fryslân 2018 makket.

De fiif dy’t de gearwurking tiisdei mei in krabbel bekrêftigen, binne Andries Jensma, Theunis Jensma en Piet Hoekstra (BAW) en Oeds Westerhof en John Bonnema (Ljouwert-Fryslân 2018). Fan harren skylde Andries Jensma binnen de tastiene tiid mar leafst 1.660 gram jirpels. Dêrmei bleaun er nûmer twa Oeds Westerhof (1.438 gram) rom foar. De útslach fan de reguliere wedstriid is noch net bekend.

Mear oer de Biltske jirpelwiken stiet op Facebook.

Op de foto, flnr: Theunis Jensma, John Bonnema, Andries Jensma en Oeds Westerhof. Piet Hoekstra ûntbrekt. Foto Loet Hin.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens