Ga naar inhoud
MAP
fy

Presintaasje sketsûntwerp 11Fountains oan ynwenners Hylpen

HYLPEN – It sketsûntwerp fan de fontein foar de stêd Hylpen is klear. Publyk en media binne sneon 7 jannewaris fan herte wolkom yn De Foeke. De Sineeske keunstneres Shen Yuan is oanwêzich en sil om 16.00 oere it ûntwerp presintearje. Dêrnei kinne bewenners oant 18.00 mei har yn petear.

Shen Yuan wennet en wurket yn Parys. Under oaren CNCC, Beijing; Jardins du Palais Royal en Centre Pompidou yn Parys; Guangdong Museum of Art, Guang Zhou, Sina; Shanghai Gallery of Art; MuHKA yn Antwerpen; Hayward Gallery, Londen en PS1, New York fertoanden har wurk en ferlienden opdrachten.

Yuan naam diel oan keunstbeurzen lykas de Guangzhou Art Triënnale; Biënnale fan Sao Paulo; Art Basel; FIAC, Frankryk; de World Expo yn Shanghai en Art Dubai. Yn 2007 waard se as ien fan de fjouwer Sineeske froulike keunstners presintearre yn it Sineeske paviljoen op de Biënnale fan Venetië.

Oer 11Fountains

Mei 11Fountains krijt elk fan de Fryske Alve Stêden in fontein, ûntwurpen troch alve ynternasjonaal renommearre keunsters út alve ferskillende lannen. De fonteinen – of eins wetterkeunstwurken – bliuwe nei 2018 stean en wurde nij kultureel erfguod. 11Fountains is in idee fan keunstkritikus en tentoanstellingsmakker Anna Tilroe.

Ynspiraasjeboarne wienen de prachtige histoaryske alve stêden mei harren keunst- en kultuerskatten, de mienskipssin by de ynwenners én it feit dat Fryslân ynternasjonaal koprinner is op it mêd fan wettertechnology. Mei de alve fonteinen wurde de alve stêden troch de wei fan keunst op in bysûndere wize mei elkoar ferbûn, ûntsteane der nije moetingsplakken foar de mienskip en wurdt Fryslân in nije bestimming foar it ynternasjonale kultuertoerisme.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens