Ga naar inhoud
MAP
fy

Presintaasje sketsûntwerp 11Fountains oan ynwenners Snits

SNITS – It sketsûntwerp fan de fontein foar de stêd Snits is klear. Publyk en media binne sneon 21 jannewaris fan herte wolkom yn it Frysk Skipfeart Museum. De presintaasje begjint om 11.00 oere, de ynrin is fan 10.30 oere ôf. De Dútske keunstner Stephan Balkenhol is oanwêzich en sil sels it sketsûntwerp presintearje. De presintaasje is rûn 12.30 oere ôfrûn. Balkenhol hat him ynspirearje litten troch de skiednis fan foar- en tsjinspoed fan de stêd.

Stephan Balkenhol

Stephan Balkenhol is in Dútske keunstner. Hy wurket benammen yn hout en brûns en is bekend om syn minksfigueren. Syn skulptueren steane oeral op de wrâld. Der is bewust keazen foar in Dútske keunstner foar Snits, dit yn ferbân mei de iuwenâlde tradysjes dy’t de stêd hat mei Dútslân, mar ek om it tal Dútske toeristen dat graach in besyk oan Snits bringt.

Oer 11Fountains

Mei 11Fountains krijt elk fan de Fryske Alve Stêden in fontein, ûntwurpen troch alve ynternasjonaal renommearre keunstners út alve ferskillende lannen. De fonteinen – of eins wetterkeunstwurken – bliuwe nei 2018 stean en wurde nij kultureel erfguod.

11Fountains is in idee fan keunstkritikus en tentoanstellingsmakker Anna Tilroe. Ynspiraasjeboarne wienen de prachtige histoaryske alve stêden mei harren keunst- en kultuerskatten, de mienskipssin by de ynwenners én it feit dat Fryslân ynternasjonaal koprinner is op it mêd fan wettertechnology. Mei de alve fonteinen wurde de alve stêden troch de wei fan keunst op in bysûndere wize mei elkoar ferbûn, ûntsteane der nije moetingsplakken foar de mienskip en wurdt Fryslân in nije bestimming foar it ynternasjonale kultuertoerisme.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens