Ga naar inhoud
MAP
fy

Raambattle

Ljouwert hat aansens de moaiste etalaazjes fan Fryslân. Dêr soarget de Raambattle 2018 foar. Dochs, Debby van der Henne? Sy ropt winkellju op har ruten en toankeamers te pimpen. Alles kin, alles mei. In foarpriuwke levere alfêst in soad entûsjasme op. ,,Sechtjin keunstners ha har hielendal útlibbe. It smiet prachtige etalaazjes op.”

En sis no sels, sa’n rúttekening lûkt dochs alle oandacht? ,,Nei’t ik in pear kursussen hânletterjen organisearre hie, kaam ik op it idee om takom jier in battle yn rúttekenjen te organisearjen”, seit Debby van der Henne, eigener fan Studio 8: in lifestylewinkel oan de Verlengde Schrans. ,,De kursussen hânletterjen wienen hiel populêr. Se sieten nammentlik allegear fol. Doe tocht ik dat der ek ynteresse yn rúttekenjen wêze soe.” Hânletterjen sjochst tsjintwurdich in soad yn de hoareka en lifestylewinkels. Tink hjirby oan moai opmakke menubuorden dy’t meastentiids by restaurants foar de doar steane.

,,Foar de Raambattle meitsje we tekeningen op ruten. Dit ferskilt wêzentlik fan it opkreazjen fan muorrebuorden”, seit Debby. ,,Omdatst de tekeningen op de binnenkant oanbringst, moat alles yn spegelbyld. Dat is hiel lestich.”

Foarpriuwke
,,Foar de wedstriid keppelje ik ûndernimmers en keunstners oan elkoar om de tekeningen te meitsjen. Dy moatte relevant wêze foar de winkel. Sa sjochst op it rút fan de Friese Schrijfkamer bygelyks allinne mar boeken en kantoarartikelen. Yn juny fan dit jier hâlde ik in foarpriuwke fan 2018 en dat ferrûn boppe ferwachting. We hienen sechtjin dielnimmers, likegoed amateurs as keunstners en foarmjouwers. Guon hâlden der moaie opdrachten oan oer. Undernimmingen fan de Verlengde Schrans en de Schrans en it sintrum dienen mei. Sa ferbine we dizze plakken troch rúttekeningen.”

Beoardieling
Allinne in aardige tekening meitsje, is foar de wedstriid net genôch. Belangryk is dat de tekening goed by de winkel past en oft der goed gearwurke is tusken de keunstner en de ûndernimmer. ,,Sa wienen by de earste ronde tekeners dy’t yn it foar by de ûndernimmer del gienen foar in petearke en om foto’s te meitsjen. Dit wurdt beoardiele troch in sjuery, mei ûnder oare Ingrid Boschma fan DrawInk, Anna Marjan Bosma fan it CSG Comenius Zamenhof en iksels. Ingrid is hiel bekend yn de wrâld fan rúttekeningen.”

Undernimmers socht
Nei it foarpriuwke fan dit jier komt der wat Debby oanbelanget takom jier noch in skepke boppe-op. ,,Ik wol de Raambattle takom jier yn alle alve stêden útfiere. Dêrom sykje ik noch ûndernimmers dy’t de battle yn har eigen stêd opsette wolle. Elkenien dy’t meihelpe wol, kin him of har by my melde fia de Facebookside ‘Raambattle Leeuwarden’. Ek dielnimmers binne wolkom.”

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens