Ga naar inhoud
MAP
fy

Rabobank pakt út as sponsor fan Ljouwert-Fryslân 2018

Mei út namme fan de Fryske Rabobanken tekenen de direksjes fan Rabobank Ljouwert-Noardwest Fryslân en Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 niiskrekt in partneroerienkomst. Mei dizze oerienkomst ferbine de Fryske Rabobanken, en Rabobank Ljouwert-Noardwest Fryslân yn it bysûnder, har oan de ferskate projekten dy’t yn it kulturele jier organisearre wurde. 

Foar en troch de mienskip
Edwin Meijer, direkteur bedriuwen by de Rabobank, ljochte ta dat de Rabobank sûnt jier en dei in wichtige sponsor yn Fryslân is foar stikmannige kulturele en sportive aktiviteiten. “Dêrmei jouwe wy in protte projekten yn de mienskip in steuntsje yn ‘e rêch. Ek it jier 2018 stiet stiif fan de aktiveiten dy’t Ljouwert en ús provinsje op ‘e kaart sette. It is dan ek paslik ús as Rabobank te ferbinen oan dit bysûndere kulturele jier.”

Dêrby is it neffens Meijer fan belang dat Fryslân him profilearret as kulturele en ynnovative provinsje: “We moatte mear útdrage hokker kwaliteiten we as provinsje yn hûs hawwe. Fansels sjogge we ek dat de publykslûkers soargje foar in ekonomyske ympuls foar ûndernimmend Fryslân. It is ús taak der mei elkoar foar te soargjen dat we ús net allinne konsentrearje op it jier 2018 mar dat Fryslân no én yn ‘e takomst de muoite wurdich bliuwt: foar elkenien!”

Mear as Kulturele Haadstêd 
De Fryske Rabobanken leverje al jierren in bydrage oan it fersterkjen fan de lokale mienskip. It stypjen fan Ljouwert-Fryslân 2018 is ien fan de inisjativen dy’t past by dy gedachte. De Fryske Rabobanken hawwe der bewust foar keazen harren reguliere sponsorprogramma net lije te litten ûnder de 2018-inisjativen. “Wy fine it langetermyntinken wichtich. Allinne ynsette op it kulturele jier dat ien kear plakfynt wie foar ús gjin opsje”, sa seit Meijer. As wy alle sponsorjilden by elkoar optelle giet it om substansjele bedragen dy’t fanút ús koöperative   gedachtegoed weromjûn wurde oan de lokale mienskip.” 

Belutsenens
Tjeerd van Bekkum (direkteur LF2018) is entûsjast oer de wize wêrop’t de Rabobank yn it kulturele jier útpakt njonken har reguliere programma. “Troch him as partner oan ús te ferbinen, ferdúdlikt de Rabobank har belutsenens by de Fryske leefomjouwing namste mear.”

Ferskate projekten
Fanút Ljouwert-Fryslân 2018 omearmet de Rabobank de tentoanstelling Mata Hari yn it Fries Museum en Under de Toer, it teaterspektakel yn de Fryske tsjerken. De bank ferbûn én ferbynt har yn de provinsje oan ûnderskate projekten. Projekten as The Tall Ships Races (Harns), European Youth Music Festival (Snits), Potatoes go Wild (It Bilt), Oranjewoud Festival, Kening fan‘e Greide, it teaterspektakel De Stormruiter, Gabe Schroor, it SKS Skûtsjesilen en Burgum Kultureel kinne op (ekstra) stipe fan de Fryske Rabobanken rekkenje.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens