Ga naar inhoud
MAP
fy

Rederij Doeksen en Ljouwert-Fryslân 2018 meiinoar oan board

Rederij Doeksen is in partnerskip oangien mei Ljouwert-Fryslân 2018. De rederij ferbynt him as sponsor oan de organisaasje fan Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. De oerienkomst waard fannemoarn op it kantoar fan LF2018 ûndertekene. 

“Dit helpt ús geweldich”, seit Tjeerd van Bekkum, direkteur fan Ljouwert-Fryslân 2018. “Rederij Doeksen leit sûnt it minsken heucht de ferbining tusken de eilannen Flylân en Skylge en de fêste wâl. We binne der wis fan dat Doeksen de ekstra ferwachte stream oan toeristen yn goeie banen liedt.”

Paul Melles, de algemien direkteur fan Rederij Doeksen, seit: “In projekt as Sense of Place woartelt him djip yn it hert fan it Waadgebiet. Dêr wolle wy in bydrage oan leverje. Soks fielt hast as fanselssprekkend.” Rederij Doeksen helpt LF2018 ûnder mear op it mêd fan marketing en kommunikaasje, sa wurde der oan board en yn de terminals fideo’s fan Kulturele Haadstêd fan Europa fertoand. 

Oer Rederij Doeksen
De rederij fiert feartsjinsten út tusken Harns en de Waadeilannen Skylge en Flylân. It bedriuw waard yn 1908 oprjochte troch Gerrit Doeksen en syn âldste soannen. Rederij Doeksen begûn as bergings- en sleepbedriuw en fan 1923 ôf waarden de aktiviteiten útwreide mei de passazjierstsjinst.

Rederij Doeksen hie yn 1973 de primeur mei de katamaran Koegelwieck, dy’t as earste snelboat yn in Nederlânske feartsjinst ynset waard. Yn 2002 yntrodusearre Doeksen de alderearste frachtkatamaran yn Europa. Op it stuit lit it bedriuw twa katamarans bouwe yn Vietnam. Dy wurde yn 2018 yn ‘e feart nommen en farre as earste passazjierskippen op de Waadsee op de ynnovative brânstof LNG. Rederij Doeksen is ûnderdiel fan holdingmaatskippij Koninklijke Doeksen BV, wêrfan’t it haadkantoar yn Rotterdam fêstige is. De holding draacht sûnt 8 novimber 2008 it predikaat Keninklijk.  

 

Foto: Simon van der Woude

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens