Ga naar inhoud
MAP
fy

Rudi Wester | Us frou yn Malta is klear foar libbenswurk

AMSTERDAM – Har penthouse op ‘e njoggende ferdjipping boppe Pakhuys Afrika grinzget lyk oan de passazjiersterminal fan de haven oan it IJ. Elke moarn oan ‘e keukentafel sjocht se de grutte skippen foarbygean. Lâns it Java-eilân, it plak wêr’t Willem-Alexander en Máxima op de housebeats fan Armin van Buuren harren ynhuldiging meifierden. Rudi Wester siet doedestiids op ‘e earste rang.

De oare kant fan it appartemint jout in oerweldigjend útsjoch oer it âlde Amsterdam. Mei syn ferneamde Westertoer, wêr’t op 6 septimber 2013 sa brutaal de Fryske flagge wappere.

It famke fan de Ingelumerstrjitte yn Ljouwert hat it fier skopt. Se skreaun en wurke mei oan tsientallen boeken, wie hast twa desennia lang literatuerresinsint by Vrij Nederland, Trouw en Opzij en makke diel út fan it fêste redaksjeteam fan it televyzjeprogramma Hier is... Adriaan van Dis. Nei it beheljen fan har doktoraal Frânske taal en literatuer joech se les op skoallen yn Rotterdam en Breukelen en brocht it ûnder oaren ta direkteur fan it Nederlands Literair Productie- en Vertalingenfonds.

Rudi Wester wie krekt achttjin jier doe’t se nei Amsterdam ferhúze. “Ik wist al betiid dat ik de grutte, wide wrâld yn woe”, seit se. “Fan myn sechstjinde ôf wurke ik simmers as au pair yn Parys. Dêr is dat siedsje fan aventoer foargoed plante.”

Dwers as in baarch

Se lave har folop oan it Amsterdamske studintelibben. In byld fan dy perioade, as lid fan in famkesdispút, beskreaun se yn 2012 yn har roman Vriendinnen van vroeger, vrouwen van nu. Hjiroer prate se mei in sjoernaliste fan De Volkskrant. Dy sette it neifolgjende sitaat fan Rudi Wester op papier: “Folsleine frijheid! We kamen allegearre út in miljeu wei wêryn’t famkes neat mochten, net fan harren âlden, net fan harren leararen, net fan de dûmny. We waarden sa dwers as in baarch.”

Dy dwersens dreaun har, nei alle gedachten ûnbewust, nei grutte hichten. “Ast dyn wurk nei eigen ynsjoch ynrjochtsje wolst, kinst mar better direkteur wurde.” It is ién ferklearring foar de iver fan Wester, al docht de útlis har berikte doelen skromelik tekoart. Rudi Wester, no 71 jier, hâldt fan hurd wurkjen en keppelet dy eigenskip skynber maklik oan har didaktyske feardichheden. Mar is dat net altyd sa? Dat oan de dingen dy’t ienfâldich lykje, faak yngewikkelde prosessen te’n grûnslach lizze? Hoe dan ek, alle diene ynspannings brochten Rudi Wester yn 2003 in dreambaan yn Parys op. Se waard, nei in proseduere mei twahûndert sollisitanten, de baas fan it Institut Néerlandais dat út it Le Centre du Monde wei as wichtichste taak hie om de Nederlânske kultuer út te dragen. Tagelyk waard se kultureel attasjee fan de Nederlânske ambassade yn Parys.

Buorlju fan it parlemint

Lein oan de Rue de Lille moat Rudi Wester har bytiden yn dreamlân waand hawwe. It fantastyske gebou, deun neist it Frânske parlemint yn it hert fan de Frânske ambassadewyk, is yntimidearjend moai en typysk in ikoan dat it kosmopolityske karakter fan de Frânske haadstêd werjout. Oan moarmeren pylders en keizerlike treppen gjin tekoart en it is oan te rikkemedearjen it Institut Néerlandais ris te googeljen.

Rudi Wester ferbleaun dêr seis jier – de termyn waard nei fjouwer jier by útsûndering ferlinge – en ûnderfynt dy perioade as tige noflik. It ynstitút organisearre debatten, konserten en soarge derfoar dat alle jierren sânhûndert Frânsen in kursus Nederlânsk folgen. Fjouwer kear yn it jier hold it ynstitút tentoanstellings fan Rembrandt, Dutch Design of fotografy dy’t – foaral yn de jierren ûnder Rudi Wester – wiidweidich besprutsen waarden yn de Frânske media. It Institut Néerlandais florearre en doe’t yn 2009 it fyftich jierrich bestean fierd waard, wekte it gjin fernuvering dat Keningin Beatrix it jubileum bywenne.

Yn 2013 waard it Institut Néerlandais opheft. Te djoer, wie it oardiel fan it ministearje fan Bûtenlânske Saken dat de hier – 400.000 euro it jier – net langer bekostigje woe.

Telefoantsje út Fryslân

Ein 2009 siet de termyn fan Wester derop en kaam se werom nei Nederlân. Frijwol metien gie yn Amsterdam de telefoan. “It wie deputearre Jannewietske de Vries. Oft ik yn it bestjoer woe fan de stifting dy’t fan Ljouwert de kulturele haadstêd fan Europa meitsje moast.” Rudi Wester frege in wike betinktiid. Op dat stuit hie se al in oantal oare bestjoersfunskjes. Se wie en is noch altyd lid fan de ried fan tafersjoch fan Codarts Hogeschool voor de Kunsten en helpt as bestjoersfoarsitter fan Behoud de Begeert mei om literêre optredens yn Nederlân en België te organisearjen.

“Mar ik fûn dat ik net wegerje koe. Ik kriich it gefoel dat ik op dizze wize wat werom dwaan koe foar myn bertelân en –stêd. ”Yn Ljouwert hie se har stúdzje oan it Kristlik Gymnasium as eat geweldichs ûnderfûn. De skoalle oan de Gymnasiumstrjitte bestie healweis de jierren fyftich fan de foarrige ieu út seis klassen. “Lekker oersichtlik. Seis klassen, earlik ferdield oer de seis stúdzjejierren. Doe’t Rudi, dy’t op ‘e legere skoalle in klasse oerslaan mocht, har eksamenjier folbrocht hie, sieten der noch mar tsien bern yn ‘e klasse. It learen gie har maklik ôf, sa’t dat ek jilde foar har bruorren en sussen. De âlden fan Rudi krigen fiif bern. Trije fan har rûnen in akademyske oplieding ôf, ien folge de oplieding oan it heech oanskraune Nyenrode, de âldste partikuliere universiteit fan Nederlân, en har sus waard haadferpleechster.

Rudi Wester waard yn de stifting Kulturele Haadstêd 2018 fice-foarsitter fan it bestjoer dat fierder bestie út Siem Jansen (foarsitter), Anje Wester-Koopmans, Klaas Dijkstra, Annemiek Galema en Pier Damstra. Mei dizze groep, dy’t úteinlik yn wikseljende gearstalling de einstreep helle, wie it bytiden fjochtsje tsjin wynmûnen. “Elkenien fûn it neat. Dochs hawwe we stûf trochsetten. Want we wisten dat Kulturele Haadstêd fan Europa in grutte boost wie.”

Striid oant djip yn ‘e nacht

Yn febrewaris 2012 waard Rudi Wester artistyk direkteur fan de stifting en Jocco Eijssen saaklik direkteur. Mattijs Maussen en Robert Palmer wienen der as betûfte ynternasjonale adviseurs en de as stazjêr oanlutsen Jelle Burggraaf liet him kenne as in degelike Europa-kenner.

Nei’t de Ljouwerter gemeenterie ynstimd hie mei de nominaasje presintearre de stêd him yn 2012 tegearre mei Utrecht, Den Haach, Maastricht en Eindhoven foar it earst oan de ynternasjonale sjuery. “Us wize fan presintearjen slagge oan alle kanten”, sjocht Wester werom. “Wy ûnderskieden ús troch gjin mannen yn grize pakken optrede te litten, mar grutte keunstners, lykas de muzikus Sytse Pruiksma en de dichter Tsjêbbe Hettinga silger.”

De opset slagge, Utrecht en Den Haach moasten it fjild romje. “Foar it earst tocht men yn Fryslân: it kìn dus dochs”. Der kamen professionals út it bûtenlân by, lykas de Australyske Sue McCauley. “De krystbeam waard stadich mar wis optúge. Der kamen goede minsken en ek de polityk waard entûsjaster. ”Wester en har kollega’s wurken oant djip yn ‘e nacht –“sûnder oerdriuwen”- oan it twadde bidbook. “Mei Fryske kultuerdragers as Saskia Bak en Bert Looper betochten we wylde plannen foar 2018 en Colin van Heezik parste dizze mei soarch byinoar yn it úteinlik tige koarte programma. Klaas Dijkstra wie de iverige oanjager fan it entûsjasme fan de Fryske befolking.”

Ljouwert liet de Europeeske sjueryleden net oernachtsje yn djoere hotels, mar brocht se ûnder dak yn it frij ienfâldige ûnderkommen fan de Hegere Hotelskoalle. “Makken we metien ús ferbining mei it studintelibben sichtber.”

Foltôging fan in libbenswurk

Ljouwert pleatste him foar de finale en de rest is skiednis. Op 6 septimber waard yn Amsterdam de Fryske flagge hyst. Boppe op de Westertsjerke oan de Prinsegracht. De stunt hie syn útwurking. “A gentle form of bribery, neamden we dat. Haha.” Ljouwert fersloech yn de finale Eindhoven en Maastricht, ta grutte fernuvering fan folslein Nederlân.

It Maltezer en Alvestêdekrús

Rudi Wester is noch altyd ferbûn oan Ljouwert-Fryslân 2018. Net mear as artistyk direkteur. Se is op dit stuit as koördinator fan it gearwurkingsferbân Lwd2018-Valletta2018 ferantwurdlik foar de projekten dy’t yn oanrin nei en yn 2018 yn de beide Europeeske Kulturele Haadstêden plakfine. Se is wiis mei har hjoeddeiske rol binnen Ljouwert-Fryslân 2018, dy’t him ferlike by in pear jier lyn yn de betreklike lijte ôfspilet. It is in bewuste kar west: “Kin ik lang om let myn biografy fan Jef Last ôfmeitsje. ”Wester wurket nammentlik al tweintich jier oan it boek oer de Nederlânske dichter en skriuwer dat se as har libbenswurk beskôget.

Mar se fertelt graach oer de krúsbestowings tusken Valletta en Ljouwert. Lykas Behind the Front Door. “In sosjaal en kultureel projekt dat yn trije efterstânswiken yn Ljouwert, Valletta en it Deenske Aarhus (yn 2017 Kulturele Haadstêd fan Europa, red.) plakfynt. Bern spylje de haadrollen yn harren eigen films.” Se ynterviewe en besykje elkoar en bondelje harren ûnderfinings yn produksjes dy’t yn 2017 en 2018 fertoand wurde.

Wester is lyrysk oer Poetic Potatoes; de gedichten, dy’t yn it Malteesk, Nederlânsk, Frysk en Biltsk by in sek jirpels yn beide lannen ferhannele wurde. Oer de útwikselings fan dosinten en learlingen en grutte ynternasjonale eksposysjes yn Valletta dy’t se ek yn Ljouwert sjen litte wol. Oer de alve keunstfonteinen. “En wistest dat it Maltezer krús, it krús fan de ridders, deselde foarm hat as ús Alvestêdekrúske? Dat kin gjin tafol wêze...”

De foto is makke troch Ruben van Vliet.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens