Ga naar inhoud
MAP
fy

Saranti presintearret nije foarstelling yn Schaaf City Theater

LJOUWERT – De nije foarstelling fan Jeugdcircus Saranti giet op sneon 21 maart yn premjêre. In dei letter is it matinee. Beide foarstellings binne yn Schaaf City Theater oan de Breedstrjitte yn Ljouwert.

Saranti wol yn it jier fan ‘Kulturele Haadstêd’ in grut sirksusspektakel organisearje. Nanouk van der Wal, artistyk lieder fan Saranti, seit dêroer: “De plannen hiervoor moeten nog worden uitgewerkt, maar we gaan in 2018 zeker iets doen.”

De nije foarstelling hyt fan ClassiCool en biedt in fariaasje oan acts: akrobatyk op in evenwichtsplanke, komyske sprongen op en oer in kast en in kombinaasje fan tempo-akrobatyk en dûns. De muzikale foarstelling komt mei tank oan 250 kostuums en in moai foarmjûn dekôr ta libben.

Sneon 21 maart om 19:00 oere, snein 22 maart fan 14:00 oere ôf.

Mear ynformaasje is te finen op www.saranti.nl

De foto komt fan Facebook.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens