Ga naar inhoud
MAP
fy

Save the date | Programmapresintaasje LF2018 op 3 oktober

Save the date! It programma fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 wurdt op tiisdei 3 oktober 2017 bekendmakke. ,,Al it wurk dat foaral achter de skermen west hat, krijt it gesicht dat it fertsjinnet”, seit Tjeerd van Bekkum, CEO fan Leeuwarden-Fryslân 2018. ,,Elkenien kin meikoarten kennis meitsje mei it oanbod fan Kulturele Haadstêd fan Europa.”

De presintaasje op 3 oktober is middeis yn Ljouwert. De eksakte lokaasje en de tiid wurde fansels letter noch bekendmakke.

De programmapresintaasje is in essinsjeel momint yn de lange tariedingsperioade en lit sjen wat oant no ta al bard is.

,,Tûzenen Friezen en net-Friezen wurkje soms al jierren mei elkoar oan plannen dy’t no op de kulturele aginda fan Leeuwarden-Fryslân 2018 komme. De programmapresintaasje is nei it winnen fan de titel op 6 septimber 2013 alwer in belangrike mylpeal. It wurdt dêrom in feestlike byienkomst, foar elkenien”, seit Van Bekkum.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens