Ga naar inhoud
MAP
fy

‘Se smite in amer stuiterballen leech yn dyn holle’

Foar in soad Friezen is 2018 al begûn. Om’t se meiwurkje oan eveneminten en projekten dy’t yn oanrin nei it jier fan Kulturele Haadstêd yn ‘e stegers steane. Wa binne dizze minsken? Wat driuwt harren en wêrom dogge se mei? De redaksje fan Ljouwert-Fryslân 2018 siket se op en lit se oan it wurd. Ditkear: Corrie Smit (51). De ynwenster fan Hallum wurket mei oan it muzikale Project ANDERS! wêryn’t se minsken mei in beheinging helpt. Sneon skitterje de dielnimmers oan ANDERS! op it CityProms-poadium (Wilhelminaplein) yn Ljouwert.

Minsken mei in beheining. It klinkt sa beheind. Oft der wat fûneminteels mis is. Is ‘minsken mei in ekstraatsje’ net in folle positivere en dêrtroch sterkere omskriuwing? Corrie Smit knikt. “Mar hokker namme of type lebel je der ek op plakke, just troch minsken in stimpel te jaan, pleatse je se ûnbedoeld bûten in groep.”

Hieljende faktor

Hoe dan ek, Corrie begeliedt al hiel lang jongeren en âlderen dy’t fanwegen in medyske diagnoaze “tusken wâl en skip driigje te fallen”. Dat wol se net. Mei Project ANDERS! – ûnderdiel fan it LF2018-evenemint CityProms – is muzyk de hieljende faktor.

Elkenien is wolkom, seit Corrie. “Yn it projekt wurkje minsken mei en sûnder beheining gear.” In groep fan sa’n fyftjin man spilet muzyk en riedt in klassike, ferheljende foarstelling ta.

Bedoeld om kwetsbere minsken in better libben te jaan en jongeren entûsjast te meitsjen foar klassike muzyk. Want ûnderskat de krêft fan muzyk net, seit Corrie, dy’t fan har sânde ôf trompet spilet. “Muzyk is in jûn middel fan mem natuer”, sa seit se. “Elke mem susket har berntsje yn sliep troch har stim te brûken. Troch te sjongen of te núnderjen.”

Apoteoaze

Project ANDERS! wurket oan op it wykein fan 23, 24 en 25 juny. Dan is CityProms wer yn Ljouwert en is it hichtepunt fan ANDERS! op de 25e. Mei alle dielnimmers op it grutte poadium, begelied troch de muzikanten fan Syncoop (Talant), in koar en it Frysk Jeugdorkest belooft de finale in ûnferjitlik slotstik. “En ferjit de dûnsers en rolstoeldûnsers net.”

Corrie is ien fan de driuwende krêften. “Dit projekt heart by my”, ferklearret se har belangeleaze dielname. Fan it momint ôf dat se as famke fan sechtjin yn de soarch kaam te wurkjen, waarden minksen mei in ekstraatsje har doelgroep. Okkerdeis begûn se in wurk- en learsintrum, Monodie Kunstzinnig. Ut har wenning yn Hallum wei helpt se kliïnten fierder yn harren soms muoisume syktocht nei wurk.

Dêrby is kreativiteit altyd it kaaiwurd. “We skilderje mei elkoar, kuierje en drinke in kop tee. We dogge it rêstich oan. Minsken mei bygelyks in adhd-fersteuring moatte je net oerlade mei opdrachten. Yn harren hollen is it faak al drok genôch. It fielt by harren oft der in amer mei stuiterballen yn ‘e holle leechsmiten is.”

Essinsje

De essinsje fan CityProms en Kulturele Haadstêd fan Europa, dat meidwaan op hokker nivo ek noait remjend wêze mei, spruts Corrie fuortendalik oan. “Ik bin der fan oertsjûge dat we op de wrâld binne om elkoar te helpen. Altyd en wêr dan ek!” Miskien is dat eat om oer nei te tinken, beslút se. “Project ANDERS! jout de kwetsberen in grut poadium. En dat fertsjinje se.”

Mear witte? Sjoch dan ris op cityproms.nl.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens