Ga naar inhoud
MAP
fy

Sense of Place folop yn tarieding

It projekt Sense of Place – dat yn 2018 útein set – is folop yn tarieding. De folsleine Waadkust fan Den Helder oant ‘e mei Delfsyl, ynklusief de waadeilannen, is de galery fan bysûndere lânskippen, land-art, manifestaasjes en mienskipsprojekten. Hjiryn stiet it libben op ‘e grins fan lân en wetter sintraal. It Skylger festival Oerol tsjinnet as laboratoarium foar dizze lânskipsprojekten. Sa binne projekten as Camara Batavia, Zeven Streken, Windwerken en kwelderfoarming hjir yn de ôfrûne jierren ta utering kommen. Sense of Place fiert de rezjy oer it ûntwikkeljen fan in kultuerrûte lâns de ferskate lânskippen mei kwelders, terpen, ringdobbes, diken en it waad. Dit bart yn oerlis mei in soad partijen, wêrûnder de ferskillende doarpsmienskippen, Rykswettersteat, Steatsboskbehear, Wetterskip Fryslân, It Fryske Gea, Lânskip Fryslân en it Groninger Landschap. Troch dizze rûte sil yn 2018 it bysûndere lânskip as poadium tsjinje foar projekten en ynstallaasjes.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens