Ga naar inhoud
MAP
fy

Sjuery kiest tweintich foto’s foar eksposysje ûnder Fryske brêgen yn 2018

Fan’t simmer die de Friese Milieu Federatie foar it projekt Brug, Brêge, Bridge in oprop oan de Fryske mienskip om mei te dwaan oan de fotowedstriid foar dit projekt. De minsken waarden frege om in foto, keunstwurk of tekst yn te stjoeren om fan de brêgen in poadium foar keunst te meitsjen. Okkerdeis hat in faksjuery út 247 ynstjoeringen tweintich winners keazen. De winnende ôfbyldingen komme op doeken ûnder de Fryske brêgen te hingjen. Fan april oant ‘e mei septimber 2018 kinne ynwenners fan Fryslân en (wetter)toeristen genietsje fan prachtige bylden en teksten op iepen brêgen. 

It tema fan de wedstriid wie ‘ferbining’. In brêge is symboalysk in ferbining tusken natuer, kultuerhistoarje en wetter. Mei 247 ynstjoeringen stie de sjuery, besteande út kurator Eelco van der Lingen fan it Fries Museum, dykgraaf Paul van Erkelens fan Wetterskip Fryslân, wethâlder Rob Jonkman fan de gemeente Opsterlân en direkteur Doet Boersma fan Kunstacademie Friesland, foar in drege taak. “Der binne ûnder mear foto’s, tekeningen en gedichten ynstjoerd. We hawwe in soad unyk wurk foarby kommen sjoen, en hiel ferskaat. Dan is it dreech om te kiezen”, sa seit Doet Boersma. De tweintich winners hawwe wilens persoanlik berjocht hân. Yn in letter stadium wurde se yn it sintsje setten. 

Projekt foar LF2018 
It projekt Brug, Brêge, Bridge is in projekt foar LF2018 en in inisjatyf fan de Friese Milieu Federatie. Yn 2018 komme ûnder goed tachtich Fryske brêgen doeken te hingjen mei dêrop unike ôfbyldingen makke troch de winners fan de fotowedstriid. Dizze bysûndere eksposysje lit sjen hoe moai Fryslân is en hoefolle kreativiteit der yn de Fryske mienskip te finen is. It projekt wurdt ûnder oare stipe troch LF2018, de Friese Milieu Federatie, Wetteskip Fryslân, Rijkswaterstaat, de Fryske gemeenten en de provinsje Fryslân.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens