Ga naar inhoud
MAP
fy

Sliepe yn de greide

It sêfte skâljen fan in trompet yn de dize docht dyn eagen iepenjen. Hoeden iepenest de rits fan de tinte dêr’tst de jûn derfoar ûnder de moaiste Fryske stjerrehimel ynkrûpt bist. Wylst de sinne stadich syn paad troch de dize brânt, binne fjouwer sylhûetten sichtber. Trije muzikanten mei dêrachter in ruter op it hynder yn galop, sa no en dan ferdwûn achter de tsjokke damp. It stampen fan de hoeven is yn de sompige greide dúdlik te hearren. Bestiet der in moaiere manier om te wekker te wurden?

,,Wier net”, befêstiget Marcia de Graaff fan Stichting Pier21, ien fan de organisearjende partijen fan Ontwakend Landschap. ,,Dit is de tredde kear dat we dit jier in Ontwakend Landschap op dizze skaal organisearje en it went noait.”

Ontwakend Landschap bestiet al sûnt 2010. It is betocht troch Els van der Laan fan lânskipsarsjitekteburo Noordpeil. Se woe it tweintichjierrige bestean fan it buro fiere troch it lânskip te earjen by sinne-opkomst.

XXL
Sûnt wurdt Ontwakend Landschap troch ferskillende natuerorganisaasjes yn Fryslân organisearre, lykas de Friese Milieu Federatie, Staatsbosbeheer en de Waddenvereniging. Doel is elkoar op in ynformele wize te moetsjen foardat de wurkdei begjint. Spesjaal foar Leeuwarden-Fryslân 2018 wurdt dit útwreide nei in XXL-ferzje dy’t foar elkenien tagonklik is.

,,Dêr’t it programma earst út in betoverjende moarnskuier mei brochje bestie”, giet Marcia fierder, ,,ha we der no in totaalûnderfining fan makke. De dei derfoar begjinne we mei in trijegongediner fan streekprodukten, folge troch de teäterfoarstelling Koning van het Grasland. Dat is in konfrontearjende opfiering oer de skries en de balâns tusken it belang fan de boer en dat fan de natuer. Nei de foarstelling oernachtsje we yn de greide en wurdt der ôfsletten mei in streekmoarnsbrochje yn it lân. Alle kearen by in oare boer mei in programma oanpast oan de omkriten.”

Ferbining lizze
,,Dit jier is in pilot foar 2018”, leit David Lelieveld fan Pier21 út. ,,Elke edysje is útferkocht, dat is in goed teken foar takom jier. We jouwe minsken in unike ûnderfining mei troch sjen te litten hoe moai oft Fryslân is. Takom jier wolle we Ontwakend Landschap ferbine oan oare kulturele eveneminten, lykas it Iepenloftspul of de Slachtemaraton.”

,,Ik hear dielnimmers geregeld sizzen dat se it sa bysûnder fine dat se al safolle dien ha foardat de dei werklik begjint”, seit Marcia tefreden. Wa’t dizze unike ûnderfining mei in groep meimeitsje wol, bygelyks út in bedriuw of feriening wei, kin telâne op www.pier21.nl.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens