Ga naar inhoud
MAP
fy

Smaaklike gedichten oer poëtyske patat

DAMWÂLD - Learlingen fan De Wingerd yn Damwâld dogge mei oan it projekt Poetic Potatoes. De skoalle foar spesjaal ûnderwiis makket sûnt oktober 2015 alderhande gedichten en keunstwurken. It sintrale tema is de jirpel, yn al syn foarmen. Yn Poetic Potatoes wurket de stifting Bildtse Aardappelweken gear mei it kulturele tydskrift De Moanne as ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân 2018.

Byinoar kaam yn de sintrale hal fan de skoalle ûntfongen de learlingen fan De Wingerd de gedichten fan Malta tafoege oan pûdsjes Maltezer jirpels. De keunst fan De Wingerd wurdt weromstjoerd nei Malta, nei learlingen fan it Hellen Keller Instituut, ek in skoalle dy’t spesjaal ûnderwiis fierd. Underwilens binne ek de Maltezer gedichten op De Wingerd weromkaam.

Pieter Zuidema, learkrêft oan De Wingerd, joech ôfrûne wike in presintaasje op de skoalle en fertelde oer Malta en it Hellen Keller Instituut. Guon selektearre gedichten waarden dêrnei troch de skriuwers sels foardroegen. Learkrêften en learlingen tegearre droegen dêrnei de oersette Maltezer gedichten foar. De middei einige yn in bysûndere en entûsjast ûntfongen taalles dy’t yn in oktober dit jier in ferfolch krije sil.

Yn it projekt Poetic Potatoes wurde alle jierren Fryske dichters útnoege in gedicht te skriuwen oer in ûnderwerp om de jirpel hinne. Dy wurde mei in lading setjirpels nei Malta stjoerd. Valletta op Malta is yn 2018 ek kulturele haadstêd en al 150 jier geane de setjirpels fan It Bilt dêr yn ‘e hjerst hinne en yn ‘e maitiid komme de nije Maltezer jirpels by ús op ‘e merk. Mei de nije jirpels komme yn opdracht skreaune gedichten fan Malta mei, wêrfan’t ien op in spesjaal foar dit projekt drukte juten sek naaid is, yn it Maltees mei in Fryske oersetting. Sjoch foar mear ynformaasje op www.baw.frl/programma.

Mei tank oan Loet Hin (tekst en foto).

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens